Aant Mulder: Dat kinst sa net sizze

april 2, 2019 07:00

Kollum

Fan ’e wike hearde ik ferheard op. Ik wie ûnderweis om Fryske les te jaan. Doe’t ik der hast wie, rûn ik trije minsken foarby dy’t drok mei-inoar yn petear wiene. Om’t it al wat skimerich waard, seach ik net rjocht dúdlik wa’t it wiene. De man dy’t it wurd hie koe ik oan ’e stim werom. Dat wie de man fan it gebou dêr’t ik dy jûns Fryske les hie. Ik groete en tagelyk hearde ik dat se it oer my hiene. Bêst genôch, mar ik waard suver mar wat kjel doe’t ik hearde dat de man sei dat ik daliks wol by him ta de doar yn strune soe. Wie dat wat er tocht, makke er in grapke of begriep er it tiidwurd strune net rjocht? Ik soe stean bliuwe en der wat fan sizze. Dat die ’k net. Likegoed koe ik it letter dy jûns yn it skoft net litte en sprek de man derop oan. Eins hie ’k dat rinnendewei daliks al sa betocht.

Op ’e strún: derop út om te sjen oft der wat te heljen of te stellen is.

Foar wa’t it net wit of net mear wit wat strunen is, wol ik wol efkes op dat wurd, dat tiidwurd yngean. It is fansels itselde wurd as it Hollânske ‘struinen’, dêr’t ik fan tink dat dat minder brûkt wurdt as strunen te uzes. Dat wurd hat eins twa betsjuttingen. De man sil net tocht ha dat ik ûnderweis wie om in frijend pearke temûk te begluorkjen of sels op de iene of oare wize te pleagjen. Sokke dingen barden wol yn it sis mar pre-digitale tiidrek. Sjoch Waling Dijkstra der mar op nei. Dat is dus in moai âlde betsjuttting. Hjoed-de-dei brûkt men it tiidwurd strunen as men dingen docht dy’t eins net hearre. Sa stadichoan betsjut it lykwols benammen: earne op tasette of earne omrinne om wat fan jins gading te finen. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet it sa: Op ’e strún: derop út om te sjen oft der wat te heljen of te stellen is. Hoewol’t dus wat nuânsen oanbrocht wurde kinne, wie ik likegoed net bot ynnommen mei wat ik hearde. Fan praat komt ommers praat en foar’t men it wit is men in struner of strúnder, in strúnjager of strúnjeier. Opnij betocht ik dat it yn ’t skoft dochs mar efkes ferpraat wurde moast.

Strune op in merk yn Tsjechië

Wat wier is moat sein wurde en ik tink dat ik wolris strúnd ha, dat ik oaren wolris begluorkje ha. Dat bestrunen fan fereale pearkes is fansels fan foar myn tiid. De sneintejûn wie doedestiden wat dat oanbelanget de gaadlike jûn. Dan gie de feint nei de faam en feinten dy’t gjin fammen hiene moasten yn dat pre-digitale tiidrek dochs ek wat ferdivedaasje ha, is ’t net sa. Waling Dijkstra, ik neamde him al, beskriuwt yn Uit Friesland’s Volksleven dat dwaan en litten prachtich yn it haadstikje ‘Vrijen’. It echte strúnjeien sa’t dat ein njoggentjinde iuw om en ta gie, dat wie in hiele aardichheid. Lês dat noch mar ris. Mar goed, dat dwaan, dat bestrunen is my mear bybleaun fan it beltsjelûken. Dat diene we fan en ta en as we sjen koene hoe’t de situaasje der yn ’e wenkeamer hinne lei, koene we ús foarsprong wat better ynskatte.

No’t ik sa oer strunen op ’e tekst reitsje, sjitte my noch in pear tiidwurden yn ’t sin fan dingen dy’t wol dien waarden mar tagelyk net mochten. Ik tink bygelyks oan slinen. Dat betsjut safolle as earne temûk ta sitte. Wa soe dat net ris dien ha. Bern sille grif wolris fan suertsjes of koekjes slynd ha. Wy kinne ek sizze dat guon dingen jild sline, bygelyks projekten dy’t folle djoerder útfalle. Oerheden kinne dêroer meiprate. Sels bisten kinne sline. As in ko slynt, dan stiet er yn buormans greide te fretten. Der wurdt ek wolris sein dat in kat it slinen net litte kin. Ornaris wurdt dan in man bedoeld en dat dy man in leafhawwer fan froulju is.

Ik wit noch wol in wurd dat by alle trije al neamde wurden past: útnaaie!

It is net wat it liket (hofkesjongen)

No wol my by strunen en by slinen dy negative betsjutting wol oan. Jo kinne it suver oan it wurd hearre. Dat jildt net foar hofkesjongen. Dat klinkt posityf, fleurich, sjongsum en likegoed giet it opnij om dingen dy’t net meie. Sjongen betsjut hjir fansels krekt wat oars. Tink oan ‘immen wat fan it liif sjonge’. Dat betsjut: wat fan in oar yn hannen sjen te krijen. By hofkesjongen, giet it om it stellen fan apels en parren, prommen en beien en hokker beam- en túnfruchten ek mar te krijen binne, mei de bedoeling om dy daliks op te iten. It hege wurd moat der mar út. Hofkesjonge, dat ha ’k ek wol dien. Ien sa’n aksje sil ik net gau ferjitte. Ik wie der net goed yn, dat in protte wille ha ’k der net fan hân. Krekt oarsom, mar dat lit ik mar gewurde. Doe’t we bern wiene, leine pleatsen beskûle yn mânske beammantels mei grutte apel- en parrehôven by dy pleatsen. It wie tagelyk de tiid dat foar party minsken fruit in net te beteljen lúkse wie. Faaks binne der noch wol mear fan datsoarte fan wurden as strunen, slinen en hofkesjongen. Wa wit mear fan sokke wurden? Ik wit ek noch wol in wurd dat by alle trije al neamde wurden past: útnaaie! Dat diene we faak! No bin ik aardich ôfdwaald wylst jimme fansels witte wolle hoe ’t it dy jûns yn it skoft beteard is. Wy ha it tegearre efkes ferpraat. Hy wist krekt wat ik bedoelde. Hy tocht dat it wol wat lije koe. Tagelyk hie hy it posityf bedoeld. Sa fan hy strûst der aanst by my yn of sokssawat. It waard in fleurich petear.

Tagelyk wurdt wer dúdlik dat we net allegearre mei deselde wurden deselde dingen bedoele. Wy tinke dat we wol witte wat wurden betsjutte, wylst se wolris krekt wat oars betsjutte. Underwiis kin soks foar in grut part tefoaren komme. Dat falt te uzes ôf. Dat betsjut dat it maklik barre kin dat immen wat aardichs sizze wol en tagelyk de ferkearde wurden brûkt. Dat is net ferkeard bedoeld, dat is net ûnfatsoenlik. Dêr moatte we gewoan mei rekkenje.

Foto’s Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 30 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 2, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben april 2, 21:17

    Dizze kollum wie foar my genietsjen Aant.Foaral it hofkesjongen.Ik gie fan 1947 oant 1952 nie de legere skoalle.Dat wie flak nei de oarloch en it wie by ‘[us thús gjin fetpot.Wy wiene mri in groepke jonges altiten ûnderweis it fjild yn en hiene ek altiten wol honger.Yn de hjerst de wite rapen, mei de mûle ôfskile en je bleauwen pisje, gewoan skjin wetter..Dan it earpeldollen
    In bulte lof yn de brân stekke en in ierpel oan in stokje en dan rusterje,en swart om de mûle.Dan it hofkesjonge,as in boer as boerinne hurder rinne koe as jo wiene je de pineut, draai om de earen as in traap ûnder de kont, Mar dat wie it risiko, mar dat wjerrhold ús net.Kin der noch wol mei in soad wille op werom rinke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.