300 learlingen dogge mei oan foarwedstriid Lyts Frysk Diktee

april 11, 2019 10:26

300 learlingen út groep 8 yn Fryslân dogge mei oan de foarwedstriid fan it Lyts Frysk Diktee. Dêr meitsje se twa proefdiktees foar. De bêste learlingen dogge op 16 april mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee yn de steateseal yn it provinsjehûs.

Foto: pixabay.com

Skriuwster Lida Dykstra skreau de dikteetekst en lêst dit jier it diktee foar. Dykstra is al 25 jier skriuwster fan berneboeken. Meikoarten ferskynt har nije berneboek It spûkskip en 24 oare koarte ferhalen, mei 25 ferhalen fan de skriuwster.

It Lyts Frysk Diktee is al jierrenlang in tradysje. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

april 11, 2019 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.