De krún fan ’e seedyk

april 21, 2019 08:05

De krún fan ’e seedyk

                    I.M. Sis Tsiis

Abe de Vries (foto: Sirkwy)

Te uzes wie der altyd rjucht om foar te striden
en, yn dit lân, altyd wat te finen om te ferbieden.
In twangsom leafst tige te nullifisearjen,
in moaiprater meast net mijen te evaluearjen,
in fierste fierwei doel om foar te blieden,
en, hieltyd wer, in Arabysk hynder te beriden –

wa joech sjoege? De rjuchten dûkten djip wei,
en follen fan ús sochten miskien, mar fûnen gjin bel.
Guon wiene fjoer en dalik ree te protestearjen.
It slagge sels de Steaten te alarmearjen,
al moast it oan de eastlike poarte fan de hel
ek spikere. Mar doe, en ‘t wie gjin wûnder: tenei

ferdwûnen rjuchten gewoan, wer gewoan foar jierren
fan fierder ryklik folle dissen. Fol mei tsiis en wite bôle
by uze boeren wei, en automatekofje lang net suver –
Spuide elk der raar guod fan? Achte ’t nuver?
Jins eigen taal yn ’e krante fan earejuster rôle
by fiskbonken en tongblierren?

It hert siet langer net yn ’t oerrinnend lunsjprogram,
mar tafelgongers litte har likegoed wol smeitsje
de sifers har foarset troch de prefekt.
It kaam allegear winliken ek net sa krekt:
it rjucht mei babbels kin ’m hjoed wol reitsje,
en moarn stiet krom yn fjoer en flam,

mar dan giet keizers amtner wer syn gong.
Gjin stjerling hie oantekening makke?
Allinnich mannen fan de minder lettere partij
ferspraten har wurd en dito died derby.
En krom kearde him tsjin rjucht. Of oarsom. Mar ’t sakke
wei, achter de krún fan ’e seedyk nei syn ûndergong.

Abe de Vries

seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2019/04/de-krun-fan-e-seedyk.html

april 21, 2019 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.