Yn it Tsjechysk oer Trinus Riemersma leare

maart 8, 2019 07:00

Foto: Unsplash

Oeral op ‘e wrâld binne wittenskippers en studinten te finen dy’t nijsgjirrich binne nei de Fryske taal- en letterkunde. Juster berjochte It Nijs bygelyks oer in kursus Aldfrysk dy’t dit jier jûn wurde sil yn it Ingelske Oxford. Yn it bûtenlân binne it gauris minsken dy’t har mei it Ingelsk of Nederlânsk dwaande hâlde dy’t it Frysk as besibbe taal bestudearje wolle.

Yn Tsjechië bestiet ek belangstelling foar de Fryske literatuer. Om’t de Tsjechyske studinten de meast Frysk- en Nederlânsktalige learboeken net lêze kinne, wol literatuerwittenskipper Wilken Engelbrecht no in Tsjechysktalich boek skriuwe oer de Fryske literatuer. Studinten yn Tsjechië kinne dêrtroch skielk yn har eigen taal lêze wa’t Trinus Riemersma en Rink van de Velde wiene.

Engelbrecht is in Nederlanner, mar hy jout al hast tritich jier kolleezjes oer it Nederlânsk oan Tsjechyske en Poalske universiteiten. Sûnt 2012 is er perfester Nederlânsk oan de universiteit yn it Tsjechyske Olomouc. Hy hat ek belangstelling foar it Frysk en hat it belang fan kolleezjes oer it Frysk foar studinten Nederlânsk by syn wurkjouwer bepleite. Dy hat him no fyftjintûzen euro tasein om in boek te skriuwen en út te jaan.

maart 8, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.