Wurd socht foar yrritante of gefaarlike telefoanbrûker

maart 10, 2019 07:16

Omrop Fryslân hie okkerdeis in wedstryd om in nij wurd te betinken foar it froulik skamdiel. Flomke waard de winner. In grutte kâns dat sa’n wurd ynboargeret, is der net. Meastal bliuwe sok wurdbetinkwedstriden by in aardichheidsje. Dat it Frysk al in protte nammen foar it froulik skamdiel hat, makket it foar in betochte nijkommer as flomke net makliker. It sil konkurrearje moatte mei bygelyks kutprûmskiefaginafodfodzepisserpoepehoaspoes en fluts, om mar te swijen fan omskriuwings lykas froulik skamdielûnder de rok en de yntime dielen.

De ferkiezing wie foar Omrop Fryslân foaral oanlieding om in protte flauwe grappen te meitsjen, mei koppen lykas Hokker wurd komt út de doaze?Gat yn de Fryske taal opfolle en Syktocht nei it Fryske wurd foar fagina berikt klimaks. Wol in wurd lykwols ynboargerje, dan moat der ek ferlet fan wêze. Der moat in gat yn de taal wêze, in betsjutting sûnder wurd.

It Nijs siket in wurd by in betsjutting. Dy betsjutting sil elkenien bekend foarkomme: jo kenne grif wol fan dy minsken dy’t yn in restaurant sitte en net mei-inoar prate, mar hieltiten op ‘e mobile telefoan omtomkje. Of dy’t midden op ‘e stoepe rinne en as jo der lofts bylâns wolle, nei lofts ta slingerje, en wer nei rjochts as jo der dan rjocht omhinne wolle. Slagget it jo om se te passearjen, dan sjogge jo dat se net nei de wrâld sjogge, mar op it skermke fan ‘e mobyl. Of se sitte op ‘e fyts te beljen. Der binne sels healewizen dy’t soks efter it stjoer fan in ridende auto úthelje.

Ien dy’t oan ‘e drank is, neame wy in dronkelap of in sûplap. Ien dy’t rûch mei guod omgiet, neame wy in rûchhouwer of in lompert. Ien dy’t it ferstân net by de kilo mar by it ûns kocht hat, neame wy in domkop of in sûch. Mar wat wurd brûke wy om ien te brûken dy’t op in yrritante of gefaarlike wize oan syn mobile telefoan fêstplakt sit? Fan sa’n wurd is wol ferlet, net inkeld om sokken útskelle te kinnen, mar ek om oer har prate te kinnen sûnder yngewikkelde omskriuwings.

Hawwe jo in suggestje? Stjoer him dan op nei ynfo@itnijs.frl of set him hjirûnder yn de reaksjes. As wy genôch ideeën ynkrigen hawwe, sykje wy de bêste út. De makker kriget in pryske. Wolle jo dêrfoar yn ‘e beneaming komme, fermeld dan yn alle gefallen jo mailadres en leafst ek jo postadres, dan witte wy wêr’t it pryske hinne moat.

maart 10, 2019 07:16
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Benny Holtrop maart 8, 09:32

    It moaiste wurd dat ik destiids tsjinkaam foar fagina, wie fan Trinus Riemersma. Gebakje. Noch in oar wurd wie tútebekje.

  2. RobMokum maart 9, 10:42

    Ik wit net hoe`t it yn Fryslân is, mar yn’e Rânestêd is it wurdt “smombie” al gauris te hearren. Dat soe dan allinich as smomby stavere wurde moatte.

  3. Kerst Huisman maart 9, 10:55

    Hawwe se by It Nijs net wat betters te dwaan?

  4. LB maart 9, 15:54

    Dat wurd bestiet al, in slûchkop.

  5. Y HAITSMA maart 9, 16:09

    Mofyl

  6. Ferdinand maart 9, 23:43

    Tige goed, Haitsma: wurd fan it jier!

  7. Reny Bergsma maart 11, 22:54

    Skermklever

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.