Wike fan de mantelsoarch: freegje om help

maart 23, 2019 09:50

Fan 1 oant en mei 5 april by Omrop Fryslân

Ien op de trije minsken jout mantelsoarch. In partner dy’t siik is, of de buorman helpe mei de boadskippen om’t er min út ’e hûs komt: it binne allegearre foarmen fan mantelsoarch. Dy soarch foar oaren wurdt hieltyd swierder; dochs doare in soad fan dy minsken net om help te freegjen. Yn de earste wike fan april stiet dêrom by Omrop Fryslân de mantelsoarger, yn hokker foarm dan ek, sintraal.

Ofbylding: Omrop Fryslân

As gefolch fan de fergrizing en ûntgriening fan de befolking komt de mantelsoarch ûnder druk te stean. Ien op de sân mantelsoargers jout oan harrensels swier belêste te fielen mei de soarch foar in oar: dat binne te folle. Dêrom is der yn de ‘Wike fan de mantelsoarch’ folop omtinken op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app foar de ferskate foarmen fan mantelsoarch en de inisjativen dy’t foar ferlichting soargje kinne.

Sa komme ferhalen oan bar lykas fan Grytsje Andringa dy’t in mantelsoarchwenning yn de tún hat wêrtroch’t sy in eachje hâlde kin op har skoanmem. Of frijwillich mantelsoarger Riemke Dijkstra dy’t by minsken thús sit en famylje opfange kin as ien stjerrende is.

Mar ek twa foarmen fan mantelsoarch dy’t meastentiids fergetten wurde. Profesjonele mantelsoarger Marjon Hamstra komt twa kear yn de wike by de 92-jierrige David Buurma. Harren bân giet folle fierder as ‘it wurk’. “Hy fielt echt as in twadde heit foar my”, fertelt Hamstra. De oare fergetten groep binne jonge mantelsoargers. Corné Struikmans is 19 jier en mantelsoarger foar syn heit, dy’t in spiersykte hat. Hy sil dit jier foar de earste kear nei in moetingsdei spesjaal foar jonge mantelsoargers, want: net ien hoecht der allinnich foar te stean.

Alles oer de ‘Wike fan de mantelsoarch: freegje om help’ is te finen op: Omropfryslan.nl/mantelsoarch.

maart 23, 2019 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.