Wêrom’t East-Dútske amtners harren tsjin Sorbyske teksten fersette

maart 11, 2019 20:57

Twatalige buorden yn it Sorbyske gebiet (boarne: Wikipedia / Svolks, CC)

Yn de regio Lausitz yn East-Dútslân wurdt fanâlds gjin Dútsk praat, mar Sorbysk. Dy taal is mear besibbe oan it Poalsk en Russysk as oan it Dútsk. De sprekkers hjitte fan Sorben. Hja hawwe in eigen kultuer, mei eigen klean en muzyk. En wylst de Dútsktalige befolking yn it gebiet protestantsk is, binne in protte Sorben katolyk.

Wa’t yn Lausitz komt, sjocht lykas yn Fryslân twatalige buorden by de yngong fan de measte doarpen en stêden. De Dútske plaknamme stiet boppe. Dêrûnder stiet de namme yn it Sorbysk. Op strjitnammebuorden stiet ek gauris sawol in Sorbyske as in Dútske namme. Rûtebuorden oan trochgeande diken binne lykwols ientalich Dútsk. Dat moat no feroarje, is it betinken fan ‘e polityk. Amtners wolle lykwols net.

Om it Sorbysk sichtberder te meitsjen wol it regear fan de dielsteat Brandenburch dat plaknammen yn Lausitz tenei op alle buorden twatalich komme te stean. Amtners lizze lykwols dwers. Guon hawwe sels it Dútske parlemint oanskreaun mei it fersyk om de maatregel te blokkearjen. Hja skriuwe dat de twataligens it ferkear yn gefaar bringt.

Tefolle tekst makket dat autoriders de eagen te lang fan ‘e dyk hâlde. In wurdfierder fan it Dútske regear wiist op in ûndersyk dêr’t út bliken docht dat it ferkear yn gefaar komt as automobilisten langer as fiif sekonden nedich binne om in boerd te lêzen. De krityske amtners wize der ek op dat mear tekst betsjut dat de buorden grutter wurde moatte. Gruttere buorden binne gefoeliger foar de wyn, moatte dêrom sterker wêze en binne dêrtroch djoerder, sa sizze hja.

Yn Noard-Fryslân binne de ôfrûne jierren op ferskate plakken twatalige buorden ynfierd, ek oan trochgeande diken. Yn Wales, Ierlân, Súd-Tirol en ferskate oare streken yn Europa binne twatalige buorden hiel gewoan.

maart 11, 2019 20:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.