Wat sizze de partijen oer it ûnderwiis yn de Fryske taal?

maart 9, 2019 12:59

Hjoed is der op it Saailân in manifestaasje foar better ûnderwiis yn it Frysk. Hoe tinke de politike partijen dêroer? It stiet net altyd like dúdlik yn de partijprogramma’s. Dêrom pakte It Nijs de stimhelp der by mei de stelling dat stranger kontrolearre wurde moat op de kwaliteit fan it Fryske taalûnderwiis.

It is wol in frijwat betiizjende stelling. Dy kin ommers slaan op it taalûnderwiis yn Fryslân dêr’t likegoed oare talen ûnder beflapt wurde moatte. Lykwols sizze de measte partijen wat oer it Frysk yn harren reaksjes op de stelling. It brûken fan de oertreffende trep stranger is ek wat apart, om’t de hjoeddeistige kontrôle op it ûnderwiis yn it Frysk – oars as dy by it Nederlânsk – út noch yn net strang neamd wurde kin. Lykwols binne der partijen dy’t de stelling noch te stûf fine.

Hawar, de lêzer kin sels oardielje, want hjirûnder binne de reaksjes fan de partijen op in rychje set:

CDA
It CDA is grutsk op de Fryske taal. It makket ús provinsje unyk en mear talen is goed foar ús jongerein. Wy kieze foar stimulearjen en mear taalwille yn plak fan stranger kontrolearjen.

PvdA
Meartalich wêze is in feestje. De PvdA leaut dêrom net yn kontrolearjen, mar yn it stimulearjen fan better en oantrekliker taalûnderwiis yn it Frysk. Gjin taalplysje. Wy wolle dosinten helpe mei moderne learmiddels en kulturele aktiviteiten.

VVD
De VVD is grutsk op ‘ús Fryske taal’. It brûken dêrfan wolle wy graach stimulearje, mar net oplizze. Kontrôle op Frysk taalûnderwiis kostet in protte jild, mar laat net ta in better gebrûk fan de Fryske taal.

SP
Kontrôle op ûnderwiis is goed sa’t it no is. Ek foar it Frysk taalûnderwiis. Wannear’t lykwols beskate wetlike taken net neikaam wurde troch in ynstelling, sille, as dat winske is, de kontrôles stranger makke wurde.

FNP
Der is op it stuit eins hielendal gjin kontrôle. Dan wurdt jild en muoite fergriemd. Men moat witte oft it ûnderwiis rendemint hat. Dêrom is it, krekt as by oare skoalfakken, fan belang dat de ûnderwiisynspeksje der better op tasjocht.

PVV
De Fryske taal moat oeral kwalitatyf goed jûn wurde. Dus kontrôle op dy kwaliteit en ynset fan goede dosinten.

ChristenUnie
De Fryske taal is wichtich foar de ChristenUnie. 72% fan alle skoallen hat in foarm fan ûntheffing op de ferplichting foar it Frysk. Wy binne fan betinken dat dy ûntheffings opnij beoardiele wurde moatte mei in strakker toetsingskader.

D66
De Fryske taal is wichtich, mar mei stranger kontrolearjen giet it nivo net omheech. Dêrby is de ynspeksje ûnôfhinklik. D66 wol dat provinsjaal jild te’n goede komt oan it befoarderjen fan it gebrûk fan de Fryske taal.

GrienLinks
GrienLinks stipet it Frysk en de meartaligens yn ús provinsje en set yn op de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis.

Partij voor de Dieren
De PvdD is foarstanner fan it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. Al it ûnderwiis moat oan de stelde kwaliteitskritearia foldwaan.

50PLUS
De Fryske taal en kultuer bine in grut part (benammen âlderen) fan de Fryske befolking en drage dêrtroch sterk by oan de mienskip. It is dan ek logysk dat de provinsje jild beskikber stelt foar it behâld en it stimulearjen dêrfan.

Provinciaal Belang Fryslân
Der is al wetjouwing. De kontrôle op it neilibjen fan de wetjouwing lit te winskjen oer.

Natuurlijk Fryslân
Wat men mei-inoar ôfpraat moat men ek útfiere. By ôfspraken heart ek kontrôle, oars kin men it better net ôfprate. De hjoeddeiske kontrôle kin foaral better.

DENK
Gjin taljochting jûn.

SGP
De rike kultuerhistoarje fan Fryslân moat libben holden wurde. De SGP wol û.o. ynsette op de Fryske taal, fan berte oant ein fan it libben. Fan belang dêrby is de suverheid fan de Fryske taal yn stân te hâlden, mar foaral te befoarderjen.

maart 9, 2019 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.