Waarpraatsje: Yn it wykein noch ritich

maart 15, 2019 18:48

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei rein op freedtemoarn en opklearringen yn ‘e middei, sit it yn wykein ek noch ritich wêze. Takomme wike sjocht it der lang om let wat better út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn, mar it bliuwt yn Fryslân, nei alle gedachten, drûch. De westewyn is matich, boppe de Iselmar frij krêftich en yn it Waadgebiet krêftich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Sneon sil it wer in skoft reine. De wyn giet nei it súdwesten en wurdt frij krêftich oant krêftich, boppe de Iselmar en by de kust lâns krêftich oant hurd mei kâns op swiere wynstjitten. It wurd in graad as 10.

Snein feroaret der net folle oan it ritige waar. It bliuwt op ’e nij net drûch en mei 8 graden is it in bytsje frisser. Der stiet noch altyd in flink stik wyn, mar der is wol kâns op in glimp fan de sinne.

Takomme wike knapt it waar stadichoan op.

Jan Brinksma

maart 15, 2019 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.