Waarpraatsje: Waar alhiel fan slach

maart 10, 2019 19:25

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie snein in tige bysûndere dei. Yn it suden fan Nederlân wiene der wynstjitten oant 120 kilometer yn ’e oere en yn Fryslân foel wiete snie en wie it op guon plakken foar it gefoel ûnder it friespunt. It bliuwt takomme wike tige ritich. De maitiid is hiel fier fuort.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en sil it op ‘e nij reine. Der kin ek wat wiete snie falle. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stormich. It wurdt 3 graden.

Moandei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der falle ek buien, miskien wol mei tonger. De weste- oant súdwestewyn is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. Boppedat is der kâns op swiere oant tige swiere wynstjitten. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it noardwesten en jout him wat del. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

De oare dagen fan ‘e wike binne ek tige ritich.

maart 10, 2019 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.