Waarpraatsje: Tongersdei ek wiet

maart 13, 2019 18:54

Pont nei de Burd by Grou. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige rûzige en wiete woansdei sil it tongersdei ek wer een skoft reine. Mar takomme wike wurdt it, nei alle gedachten, in stik better.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en kin der noch in bui falle. In inkelde opklearring is ek net útsletten. Letter in ‘e nacht rekket de loft berûn en set it op ‘e nij op in reinen. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich oant hurd. It wurdt 5 graden.

Tongersdei is de loft berûn en reint it in (hiel) skoft. Yn ‘e middei wurdt it drûch en kinne wy de sinne noch efkes sjen. De wyn giet fan it súdwesten nei it westen en is matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet in krêftige oant hurde noardwestewyn. De temperatuer leit om de 9 graden hinne.

It bliuwt noch in dei as fiif ritich.

Jan Brinksma

maart 13, 2019 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.