Waarpraatsje: Striemin

maart 11, 2019 19:21

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar it grutste part, strieminne moandei bliuwt it dizze wike tige ritich.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft wer berûn en letter yn ‘e nacht soe der wat rein falle kinne. De wyn giet nei rjochtingen tusken it suden oant súdwesten en is matich. By de kust lâns stiet mear wyn. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Tiisdei is de loft ek berûn en sil it sa út en troch wat reine. Letter yn ‘e middei soe it wat fûler reine kinne. De wyn komt út it suden en hellet oan oant frij krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. It wurdt 7 graden.

Nei tiisdei bliuwt it ritich, mei alle dagen rein, in flink stik wyn en hast gjin sinne.

Jan Brinksma

maart 11, 2019 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.