Waarpraatsje: Ritich en rûzich

maart 8, 2019 19:14

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed sil it wykein wer ritich en rûzich ferrinne.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en falt der sa út en troch rein. De súdwestewyn is frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt 6 graden.

Sneon is de loft berûn en kin der in bui falle. Der is ek kâns op in opklearring. De wyn komt út it westen en is matich oant frij krêftich, miskien wol krêftich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in krêftige oant hurde wyn en in it Waadgebiet kin de wyn sels stoarmich wurde. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.

Snein is it ek ritich en it bliuwt net drûch.

Jan Brinksma

maart 8, 2019 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.