Waarpraatsje: Op ‘e nij rein

maart 14, 2019 18:05

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei wer een hiel wiete en rûzige dei mei oan de ein fan ‘e middei ek noch wat opklearringen. It bliuwt noch in pear dagen ritich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft wer berûn en yn ‘e rin fan ‘e nacht set it op ‘e nij op in reinen. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 6 graden.

Freed reint it earst mar letter op ‘e dei binne der ek inkelde opklearringen. Der kin dan noch wol in bui falle. De wyn komt út it westen en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Yn it wykein is it ek noch ritich.

Jan Brinksma

maart 14, 2019 18:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.