Waarpraatsje: Net folle feroaring

maart 12, 2019 19:32

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei al wer in hjerstige dei mei in soad wyn, bliuwt it foarearst ritich.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft foar it grutste part berûn, mar in opklearring is net útsletten. Der kinne ek in pear buien falle. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich, mei letter in ‘e nacht ek wer kâns op swiere wynstjitten. It wurdt 5 graden.

Woansdei is de loft wer foar it grutste part berûn,  mar der is sa út en troch ek in opklearring. Der falle (in soad) buien, miskien wol mei hagel en tonger. De wyn komt út it súdwesten en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich mei mooglik wer swiere wynstjitten. Yn ‘e jûn jout de wyn him del. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Tongersdei sjocht der ek striemin út.

Jan Brinksma

maart 12, 2019 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.