Waarpraatsje: ‘Hjerst’

maart 9, 2019 18:50 Fernijd

Hjoed op de Burd by Grou. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze sneontemoarn wiene der yn ‘e middei flinke buien. Boppedat stie der de hiele dei in stik wyn. It bliuwt foarearst tige ritich.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein rekket de loft berûn. De wyn komt út rjochtingen tusken it suden en it westen en wurdt swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It wurdt 5 graden.

Snein is de loft berûn en falt der sa út en troch rein. Der kin sels ek wat wiete snie falle. Letter binne der inkelde buien. De wynferwachting is tige ûnwis. Yn Fryslân sil de wyn, nei alle gedachten, swak oant matich wêze út ferskate rjochtingen. Yn it oare part fan it lân is in grutte kâns op (folle) mear wyn. Yn ‘e rin fan ‘e middei hellet de wyn yn Fryslân ek flink oan. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Nei it wykein bliuwt it ritich mei in soad wyn. Mear hjerst as maitiid.

 

maart 9, 2019 18:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes maart 10, 16:31

    Maartske buien, de hjerst is west. Wês mar net bang, de maitiid komt noch wol, duorret net lang. De sinne sil wer skine, ik haw gjin pine. Hjoed snein, rein sûnder ein. De hinnen sitte yn ´t hok, moai droech op ´e stôk. De dei is aanst wei en ik doch altiten mei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.