Waarpraatsje: Freed mear sinne

maart 21, 2019 19:24

Eagmaryp/Terkaple. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne hie it tongersdei dreech yn Fryslân. De kâns op (wat) sinne is freed grutter.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft, nei alle gedachten, berûn. De swakke oant matige wyn komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Freed is de loft earst miskien noch berûn mar geandewei de dei is der ek (wat) sinne. By in matige sudewyn wurdt it mei 14 graden in mylde dei.

Fan sneon ôf wurdt it wer wat minder myld. It bliuwt wol rêstich maitiidswaar.

Jan Brinksma

 

maart 21, 2019 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.