Waarpraatsje: Ferbettering

maart 18, 2019 19:36

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige minne, rûzige en wiete rite, kinne wy no wer efkes sykhelje. Wy krije in pear kreaze dagen.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der flinke opklearringen en bliuwt it drûch. Wat damp is net hielendal útsletten. De wyn wurdt swak en giet fan it noardwesten nei it súdwesten. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tiisdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. In lokale bui is noch hieltyd mooglik. De wyn giet yn ‘e rin fan ‘e dei fan it súdwesten nei it westen en wurdt matich. It wurdt 9 graden.

Fan woansdei ôf is it in pear dagen wat mylder. It bliuwt foarearst ek drûch.

Jan Brinksma

maart 18, 2019 19:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.