Vredeman de Vries Priis siket ûntwerpen foarmjouwing

maart 15, 2019 09:01

Priiswinner 2018, Museum en wurkpleats Houtstad yn Drylts – foto: Provinsje Fryslân

Opdrachtjouwers en ûntwerpers kinne harren oant 15 april 2019 by Keunstwurk oanmelde foar de Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing. Mei dy priis wol de provinsje Fryslân in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân. De priis wurdt op freed 4 oktober 2019 foar de tsiende kear útrikt.

Alle foarkommende dissiplinen fan ûntwerpen en foarmjouwing komme foar de Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing yn ’e beneaming. It ûntwerp moat wol nei 1 maart 2017 realisearre wêze. Dêrneist moat de opdrachtjouwer of ûntwerper yn Fryslân fêstige wêze.

De sjuery bestiet fan ’t jier út:

  • Frederiek Bennema (keunsthistoarikus)
  • Anne van der Zwaag (keunsthistoarikus)
  • Hugo Engwerda (grafysk ûntwerper)
  • Peter Joore (lektor Open Innovatie NHL Stenden Hogeschool)
  • Lambert Kamps (romtlik ûntwerper)

De winner (kombinaasje fan ûntwerper en opdrachtjouwer) kriget in oarkonde en in bedrach fan € 5000,-. Dêrneist binne fiif bedragen fan € 500,- beskikber foar earfolle fermeldingen.

De organisaasje fan de Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing 2019 is yn hannen fan Keunstwurk. Oanmelde foar de priis kin fia de webside fan Keunstwurk:  https://www.keunstwurk.nl/actueel/vredeman-de-vries-prijs-voor-vormgeving-2019/

maart 15, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.