Tytsjerksteradiel mkb-freonlikste gemeente fan Fryslân

maart 15, 2019 10:07

Flnr: Trudie Timmerman (foarsitter MKB Fryslân), Johan Spijksma (MKB noard), boargemaster Jeroen Gebben, wethâlder Gelbrig Hoekstra, Gert Blekkenhorst (ûndersyksburo Lex Nova) en Jan Sijtsma (ekonomyske saken). Foto © Binne-Louw Katsma

Yn de twajierlikse ferkiezing fan de mkb-freonlikste gemeente fan Fryslân kaam Tytsjerksteradiel, krekt as yn 2016, op it earste plak. Achtkarspelen en Eaststellingwerf waarden twadde en tredde. “Tytsjerksteradiel hat him de lêste twa jier wer fan syn bêste kant sjen litten”, sei Trudie Timmerman, foarsitter MKB Fryslân, dy’t boargemaster Jeroen Gebben de priis oerlange. “It docht bliken dat ûndernimmers de freonlike en fatsoenlike hâlding fan de gemeente en syn flotte wize fan beteljen tige op priis stelle. Neffens harren is de gemeente betrouber.”

Tytsjerksteradiel kriget fan de ûndernemers op alle aspekten fan de tsjinstferliening in dikke foldwaande. Se binne benammen tefreden oer de telefoanyske en digitale berikberheid en de faasje fan tsjinstferliening.

De boargemaster is der grutsk dat de ûndernimmers sa tefreden binne. “Undernimmers binne foar de ynwonners belangryk. Dy soargje foar banen en drage by oan it ferieningslibben. Tytsjerksteradiel hat as fyzje ‘Romte dy’t je elkenien gunne’. Wy wolle iepen en transparant wêze, proäktyf, earlik en dúdlik. Geweldich dat ûndernimmers dat ek sa ûnderfine en wurdearje. It is ek in komplimint oan ús meiwurkers.

Op 26 maart makket MKB-Nederlân bekend hokker gemeente him de kommende twa jier de mkb-vriendelijkste gemeente fan it lân neame mei. Foar de kategory grutte stêden wurdt in aparte winner oanwiisd.

maart 15, 2019 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.