Twadde Keamer begjint ûndersyk nei gaswinningslijen yn Grinslân

maart 6, 2019 20:54

De Twadde Keamer begjint in grutskalich ûndersyk – in saneamde ‘parlemintêre enkête – nei alle lijerij om ’e gaswinning yn Grinslân hinne. Sa’n parlemintêre enkête is in swier middel dat mar komselden brûkt wurdt.

Alle Twadde Keamerleden seine tiisdei ja tsjin in moasje fan ’e PvdA en GrienLinks. De Keamer wol ûndersykje oft Grinslân sûnt de jierren fyftich as wingewest brûkt is. Mooglik is dat oerheden of gaswinners de befolking bewust net ynformearre ha oer de gefaren fan ’e gaswinning en dat de NAM nettsjinsteande bekende gefaren trochgien is mei de winning.

Yn 1959 waard it gasfjild ûnder Grinslân ûntdutsen. De earste fynst wie ûnder in stik ikkerlân yn Kolham. De NAM Nederlandse Aardolie Maatschappij begûn fuort mei de winning en krige in pear jier letter de rjochten op ’e gaswinning yn de hiele provinsje Grinslân. Yn sa’n tsien jier tiid waarden hast alle huzen yn Nederlân oansletten op it nije gasnet en wie der rûnom apparatuer op ’e merk dy’t op it Grinslânske gas wurke, lykas geisers en kachels.

Yn 1991 wie der foar it earst in ierdskok te fielen yn it winningsgebiet. Fan doe ôf namen de skokken yn sterkte en yn frekwinsje ta. De sterkste wie yn 2012. Dy hie in krêft fan 3,6 op ’e skaal fan Richter. De NAM en de oerheid ûnstrieden lang dat de skokken wat mei de gaswinning te krijen hiene. Yn 2015 makke de heechste Nederlânske rjochter, de Rie fan Steat, út dat de gaswinning fermindere wurde moast. Sûnt dy tiid wurdt der minder gas út ’e grûn helle, ek omdat de oerheid konstatearre dat it tal skokken noch fierder tanaam.

Wannear oft de parlemintêre enkête úteinset, is noch net besletten. De yntsjinners fan de moasje woene 2020 as begjin oanhâlde, mar dat jiertal is út de moasje helle.

maart 6, 2019 20:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.