Tuorrebout en garnalen gaadlik as isolaasjemateriaal?

maart 20, 2019 10:36

Seis studinten fan Wageningen University & Research hawwe de resultaten presintearre fan in ûndersyk nei de mooglikheden om de tuorrebout en garnalen ta te passen by it programma Better Wetter fan Bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum. Yn dat programma wurdt eksperimintearre mei it ferbouwen fan de tuorrebout om it ynklinken fan feangreide op te kearen. Yn de fyzje fan Better Wetter past it om produkten fan regionale grûnstoffen te meitsjen dy’t yn de regio te ferhanneljen binne. Better Wetter hâldt him ek dwaande mei sirkulêre ekonomy, it hieltyd opnij brûken fan grûnstoffen út de regio dy’t ek wer tapast wurde. By de presintaasje op 12 maart wiene Wetterskip Fryslân, de gemeente Dantumadiel en Kenniswurkpleats Noardeast-Fryslân fertsjintwurdige.

Isolaasjemateriaal en bynmiddel
Tuorrebout is gaadlik om isolaasjemateriaal fan te meitsjen. Om dêr in stevige isolaasjeplaat fan te meitsjen liket it bynmiddel sitosan de oplossing te wêzen. Dat komt fan de garnalen dy’t yn Lauwerseach ferwurke wurde. Dy kombinaasje soe goed fan pas komme yn de fyzje en wurkwize fan Better Wetter.

Helberheid
Om te ûndersykjen oft Better Wetter dêr wat oan hawwe kin hawwe de studinten dy kombinaasje test op seis faktoaren: isolearjend fermogen, it ôfstjitten fan wetter, fraatgefoelichheid, brânwarrend fermogen, miljeufreonlikheid en helberheid.
Sitosan blykt op trije fan de seiss faktoaren heech te skoaren en út technysk eachpunt besjoen tige goed te brûken te wêzen as bynmiddel. It makket isolaasjemateriaal minder brângefoelich, hat in lege fraatgefoelichheid en genôch isolearjend fermogen. Der moat noch omtinken jûn wurde oan de kosten, de miljeufreonlike wizen om it te produsearjen en it ferbetterjen fan it ôfstjitten fan wetter.

Better Wetter
Better Wetter is in grut gearwurkingsferbân yn noardeastlik Fryslân dat rjochte is op takomstbestindich wetterbehear. De dielnimmende partijen binne: Gemeente Dantumadiel, Wetterskip Fryslân, Van Hall Larenstein, Nordwinkolleezje, Noardlike Fryske Wâlden, Steatsboskbehear, ONOF, Fryske Miljeufederaasje, It Fryske Gea en de Kenniswurkpleats Noardeast Fryslân.

maart 20, 2019 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.