Trije pjutteboartersplakken helje sertifikaat foar twatalich wurkjen

maart 18, 2019 09:06

Foto: Jitske Krol/SFBO

Yn trije ynstellingen foar pjutte-opfang hawwe de pedagogysk meiwurkersters koartlyn it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. It giet om Ukkepukkeplak yn Wergea, It Pjuttehonk yn Tsjerkwert en De Telle yn Wynjewâld, dy’t alle trije by in oare keat fan pjutte-opfangplakken oansletten binne.

Under begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) wie it wurkjen dêr de ôfrûne twa jier rjochte op it stimulearjen fan in twatalige ûntwikkeling fan de jonge bern.

In fisitaasjekommisje fan de SFBO hat nei dy twa jier by de pjutteboartersplakken lâns west om te sjen oft it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat foldogge oan de stelde noarmen. Doe’t dat yn oarder befûn waard koene de sertifikaten útrikt wurde. De trije lokaasjes hawwe der elk foar oar in feestlike moarn fan makke mei gesellige aktiviteiten, dêr’t de âlden ek yn behelle waarden.

By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten. It sintrum is fêstige yn Ljouwert (sjoch ek www.sfbo.nl/frysk).

 

maart 18, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.