Tillmann Meyer-Faje toant yndustriële konstruksjes yn it Princessehof

maart 30, 2019 08:02

It Princessehof makket útstallings mei wurk fan keunstners dy’t in wurkperioade yn it Europeesk Keramysk Wurksintrum eksperimintearre hawwe. De Dútske Tilmann Meyer-Faje (1971) presintearret yn de kommende edysje syn rige Folle krêft foarút. De kontenerskippen en in porsleinen seppelin strielje wat gruts út. Tagelyk eagje se rustich, ymperfekt en ryp foar de sloop. De útstalling EKWC@Princessehof: Tilmann Meyer-Faje is te sjen fan 20 april oant en mei 27 oktober 2019 yn it nasjonale keramykmuseum yn Ljouwert.

Tilmann Meyer-Faje, krûsskip en kontenerskip, 2016 stien (foto: Mark Weemen)

Fan in kontenerskip en in autotransportskip oant in bananeboat en in krûsskip: de grutte skippen binne de driuwende krêft efter ynternasjonale hannel. Mar se binne ek rustich en fertoane in protte wryt en slyt. De ôftanke mondiale hannelsfloat einiget faak op de sloopwerven oan de kust fan Yndia. Dêr seach Tilmann Meyer-Faje in hast apokalyptysk skouspul yn dat tsjinne as ynspiraasje foar syn keramyske wrakken. Meyer-Faje lit mei de útstalling syn fassinaasje foar falende, yndustriële prosessen sjen. Sa presintearret de keunstner ek nij wurk: in seppelin fan porslein, makke by in wurkperioade yn Arita, Japan.

Europeesk Keramysk Wurksintrum
Jierliks ferbliuwe sa’n 60 keunstners trije moanne yn it EKWC, dêr’t sy de gelegenheid krije te eksperimintearjen mei keramyk. It doel is de ûntwikkeling fan keramyk yn de byldzjende keunst, ûntwerp en arsjitektuer te stimulearjen. Yn de syktocht nei nije perspektiven en techniken yn de keramyk nûget Keramykmuseum Princessehof alle jierren twa keunstners út om de resultaten fan harren wurkperioade by it EKWC te presintearjen.

maart 30, 2019 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.