Tiid dat elkenien yn Flaanderen Nederlânsk praat

maart 14, 2019 21:19

Goed 17 persint fan ‘e wurkleazen yn Flaanderen praat gjin Nederlânsk. Dat makket de kâns op in baan lyts. De kristen-demokratyske partij CD&V wol wurkleazen dêrom ferplichtsje om Nederlânsk te learen. Wa’t dat net docht, soe it rjocht op in wurkleasheidsútkearing ferlieze. Parlemintslid Robrecht Bothuyne seit: “Mensen die jarenlang uitkeringen krijgen zonder Nederlands te leren, dat kan niet meer.”

Bothuyne wiist derop dat it him net te dwaan is om minsken dy’t noch mar krekt yn Flaanderen wenje. Hy wiist derop dat it giet om minsken dy’t al minimaal twa jier yn Flaanderen binne. Fan de seistûzen minsken dy’t op oanstean fan it arbeidsburo in kursus Nederlânsk folge hawwe, sakke ferline jier in tredde part foar it eksamen. Dat moat neffens Bothuyne feroarje. Boppedat moatte de easken neffens syn partij omheech.

maart 14, 2019 21:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.