Sybren Singelsma: Koaitsje foar it kalifaat

maart 17, 2019 10:26

Kollum

It kalifaat fan IS is net mear. Rampoai bombardearre troch in ynternasjonale koälysje, wylst it smoarge wurk op de grûn opknapt is troch in tal rebbelegroepen en de Koerden. Op tankberheid fan de ynternasjonale mienskip yn de foarm fan stipe foar in eigen Koerdistan hoege de Koerden net te rekkenjen. Gjinien dy’t de doaze fan Pandoara iepenmeitsje wol troch Sykes-Picot yn besprek te jaan. 1) De Koerden witte dat allegear ek wol en dêrom hawwe se har diskear bewissige fan in belangrike troefkaart: hûnderten IS-striders út in protte – ek Europeeske – lannen sitte finzen yn Koerdyske kampen.

Tsja, wat te dwaan mei finzen IS-striders. De ôfwachtsjende hâlding fan de Europeeske lannen jout jin yn dat hope wurdt dat de Irakeeske rjochtsgong en wat pleatslike ôfrekkendagen op syn minst in part fan it probleem oplosse sille. Mochten se frijlitten wurde, dan sille dy striders op syn bêst yn de finzenis bedarje op grûn fan lidmaatskip fan in terroristyske organisaasje, net fanwegen de grouweldieden dy’t se bedreaun hawwe. En dan komme se der úteinlik maklik fan ôf. Mar it is lestich om te fertrouwen op de rjochtsgong yn in net-besteande steat. Yn it slimste gefal komme se op frije fuotten om nije terreurdieden te begean yn Europa.

Foar de froulju jildt itselde. Dy sitte faak mei in protte bern yn kampen en wolle ek nei hûs ta. Want ja, dat binne dochs gjin terroristen? Okee, se hawwe har fersind en allinne mar itensean foar it kalifaat. Sa slim is dat dochs net?

Dat stiet noch mar te besjen. Dy froulju binne hielendal út frije wil nei it kalifaat gien, lokke troch grouwelfideo’s mei bylden fan ûnthalzjen en marteljen. Hokker frou fielt har dêrtroch oanlutsen en achtet it in goed idee om yn sa’n fermidden in húshâldinkje op te setten? Gauris wurdt de ferklearring socht yn de Islam, mar lichtwol leit it mear yn it aard fan de minske, en benammen yn de hormoanen.

Foar de manlju is de ferklearring ienfâldich: gjin gefaarliker wêzen as jonge testosteronbommen tusken de 15 en 35 jier. Manlju hâlde fan geweld, en guon froulju hâlde fan gewelddiedige manlju. Dat hat minder te krijen mei de Islam as mei froulju dy’t op Rambotypen falle.

En dêr hawwe se wiswol in belangrike rol yn de terreur mei spile. Se hawwe de manlju befêstige yn harren rol: “Kom leave, swiere dei hân? In prote ûnleauwigen ûnthalze? Earst mar in lekkere couscous, dan sil ik dy aanst ris lekker nodzje!” Dy froulju binne net sa ûnskuldich as se har no foardogge. Se hawwe it wiswol witten. Troch nei it kalifaat te gean hawwe se de striders mei it seksueel beleanjen foar it geweld opmoedige.

Dat is oansetten ta geweld en soks moat yn de rjochtsgong meinommen wurde.

1) Sykes Picot-ferdrach: in geheim ferdrach oer it ferpartsjen fan it Osmaanske (Turkske) ryk, yn 1916 te Londen tusken Grut-Brittannië en Frankryk sletten.

Sybren Singelsma wie Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny. Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.
maart 17, 2019 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.