Sûnder Frysk ûnderwiis

maart 9, 2019 22:11

Taspraak fan Geart Tigchelaar by de manifestaasje fan Sis Tsiis op 9 maart 2019 op it Saailân

foto © Aant Mulder

Piter Dykstra hat oan it begjin fan de optrocht al neamd wat der sa mankearret oan it Frysk ûnderwiis en hoe’t dat gâns better kin en moat. Dêr’t ik no op yngean wol is it dat de Fryske taal oan safolle te’n grûnslach leit. Mei oare wurden, as it ûnderwiis yn it Frysk noch minder wurdt, wurket dat troch op in soad oare aspekten.

Sûnder Frysk ûnderwiis hawwe wy op ’en doer gjin meartaligens mear. Wy hawwe krekt LF2018 hân en dêrby is mei benammen Lân fan Taal fol ynsetten op dyselde meartaligens. Fryslân ûnderskiedt him dêrmei, mar bywannear’t der gjin adekwate Fryske lessen jûn wurde, nimt dy (mear)taligens fan bern ôf. Wy witte ommers allegearre wat in rykdom ferskate talen ús jouwe en dan haw ik it noch net iens oer it feit hoe goed oft it is foar it kognitive fermogen fan bern.

Sûnder Frysk ûnderwiis is der sprake fan taaldiskriminaasje. Dykstra neamde dat sakrekt ek al. Elk bern hat rjocht om syn memmetaal te learen. Alle talen binne lykweardich, mar bywannear’t it Frysk ûnderwiis sa’n ein benefter bliuwt, wurde de talen net lykweardich behannele. Dat moat lykwols fierder trochfierd wurde as allinnich mar yn it ûnderwiis. Ek yn ’e iepenbiere romte, dus yn it deistige ferkear, soe it Frysk folle sichtberder wurde moatte. Dêrmei wurdt de taal gewoaner en wurdt de needsaak om de taal te learen fersterke. Sa wurdt it út ’e fun-hoeke helle, want as it Frysk allinnich ferdivedaasje is en gjin serieuze saak, kinne wy fuort wol oergean op it Nederlânsk.

Sûnder Frysk ûnderwiis binne wy allegearre analfabeten yn ús eigen memmetaal. Hoefolle minsken binne hjir hjoed dy’t it Frysk goedernôch yn ’e macht hawwe dat hja harren fertroud fiele flaterleas Frysk te skriuwen? Tink der ris goed oer nei, it is dochs beskamsum dat it Frysk ûnderwiis sa min is, dat minsken harren eigen taal net skriuwe kinne. No jou ik by de Afûk kursussen oan folwoeksenen, oan lju dy’t tinke fan ferhip, ik wol myn eigen taal sadanich yn ’e macht hawwe dat ik it skriuwe kin. Ik sis dan wolris foar de grap dat hja it lesjild weromfoarderje moatte fan ’t Ryk of Provinsje om’t hja it ûnderwiis net op oarder hawwe. Ik sis it as grap, mar de earnst fan dat sizzen mei jim dúdlik wêze.

Sûnder Frysk ûnderwiis gjin neilibbing fan de ferskate Hânfêsten dy’t tekene binne. It Ryk en de Provinsje hawwe ûnderskate hânfêsten foar it behâld fan it Frysk as minderheidstaal tekene en dêr hearre in tal ferplichtings by. Bywannear’t it ûnderwiis net yn oarder is, kin der net oan ’e betingsten fan dy hânfêsten foldien wurde. Somtiden kin it sa ienfâldich wêze as dat men earne ja op seit, men dêrnei ek ta dieden oergean moat.

Sûnder Frysk ûnderwiis hawwe wy op ’t lêst gjin Fryske literatuer mear. Dat giet my persoanlik o sa nei oan it hert, om’t ik njonken oersetter ek skriuwer en dichter yn it Frysk bin. As der ien tak fan sport is dy’t belang hat by goed Frysk ûnderwiis, dan binne it wol de minsken dy’t harren yn ’e boekewrâld ophâlde. En ophâlde yn ’e oare betsjutting fan it wurd kinne wy úteinlik as it ûnderwiis net in better fûnemint kriget. Want wêr bliuwe aanst de lêzers as de taal net (oan)leard wurdt? Moatte de skriuwers oergean op it Nederlânsk of dan fuort mar op it Ingelsk om lêzers te hâlden?

Sûnder Frysk ûnderwiis glidet ús taal hieltiten fierder ôf en dan ferwurdt it wol ta in dialekt fan it Nederlânsk. Sûnder it Frysk binne wy gjin Friezen mear en sûnder goed ûnderwiis hawwe wy lang om let gjin Frysk mear.

Geart Tigchelaar is dosint Frysk en dichter/skriuwer
maart 9, 2019 22:11
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Gysbert J. maart 11, 15:34

    Utstel foar in moasje foar Provinsjale Steaten:

    – Alle ûntheffingen wurde op 1 jannewaris 2022 ynlutsen. Hast trije jier oergongstiid om oan de easken te foldwaan is genôch;

    – Fan dy dei ôf docht de ynspeksje einlings wat er dwaan moat en wêr’t er foar betelle wurdt: ynspektearje en sanksjonearje. Docht er dat net, dan spant de rjochtspersoan Provinsje Fryslân rjochtsaken oan tsjin de rjochtspersoan Staat der Nederlanden, fanwege it net neikommen fan syn wetlike en ferdrachferplichtingen, it skeinen fan bernerjochten en it diskriminearjen op grûn fan taal;

    – Tagelyk sil yn oerlis mei De Haach in Fryske ynspeksje taken oernimme en sille skoalen dy’t noch hieltyd net oan de easken foldogge in oar bestjoer krije (of sletten wurde op grûn fan de nije wet dy’t dat ek op ynhâldlike grûnen mooglik makket).

    Hokker partij doar?

  2. Eric maart 12, 11:43

    De macht leit yn Den Haach. Dêrom is it suver net mooglik om yn Fryslân wat foarinoar te krijen sa lang as Den Haach net meiwurket. Friezen binne al ieuwenlang net baas yn eigen búk. Of yn eigen holle. De Katalanen en de Skotten begripe soks.

  3. Gysbert J. maart 13, 13:56

    Hast alle partijen (sizze foar de ferkiezingen dat se) doare, mar sjoch wa’t seit! Myn útstelde moasje moat allinnich noch ynbrocht en oannommen wurde! (Net-) útfiering is fansels in oare saak, foar nei de ferkiezingen.

  4. Gysbert J. maart 25, 12:06

    Tip foar de FNP (en oare partijen yn PS dy’t beare Frysksinnich te wêze): freegje ris oan Urgenda hoe’t sy de Steat op de knibbels krigen hawwe yn de Klimaatsaak, foar’t jimme myn moasje-útstel fan hjirboppe oernimme en yntsjinje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.