Stoarmeftige manifestaasje fan Boargeraksjegroep ‘SisTsiis’

maart 9, 2019 22:23

Ferslach fan Aant Mulder

foto © Aant Mulder

Hjoed, sneon 9 maart 2019, organisearre de Boargeraksjegroep ‘Sis Tsiis’ foar de twadde kear in grutte manifestaasje foar mear en better Frysk yn it ûnderwiis. De earste waard holden op tongersdeitejûn 22 desimber 2016. Dy stiet bekend as de ‘Fakkeloptocht’. Tiden feroarje en Sis Tsiis feroaret mei. Dêrom diskear gjin fakkeloptocht mar in soarte fan blauwe festjesmanifestaasje op it Wilhelminaplein, it Saailân, yn Ljouwert.

De organisaasjes hie it waar tsjin. De depresje wie der earder as ferwachte en dat betsjutte reinwetter, hurde wyn en kjeld. Likegoed sammelen har mear as hûndert minsken by it Frysk Museum om mei te dwaan oan de demonstrative kuiertocht troch de stêd. De manifestaasje sette de middeis om trije oere útein mei in koarte taspraak fan Piter Dykstra fan ‘Sis Tsiis’. Hy rôp jong en âld op om man- froumachtich efter sterke man Wout Zijlstra as in soarte fan Grutte Pier begelaat troch de muzyk fan de Cape Breton Highlanders (doedelsekspilers) oan te rinnen en sa in omgong troch de stêd te meitsjen. It waard in hiele optocht mei flachjes, toeters en grutte omheech holden spandoeken, dy’t oer Wurdumerdyk, ‘stille kant’ Nijstêd en lâns de oare kant werom nei it Saailân gie. Underweis waarden mei nocht en wille flyers útdield. De optocht krige in protte omtinken fan it winkeljend publyk. Dat late tagelyk ta tal fan nijsgjirrige petearen. It moat sein wurde, op dat stuit wierre it waar mei.

De ûnderwiisman en tagelyk skriuwer en dichter Geart Tigchelaar, fan Sis Tsiis, fernijde de oanwêzigen dat it sûnder Frysk ûnderwiis net goed komt mei it Frysk.

Werom op it Saailân, krigen guon sprekkers de gelegenheid om de kuierders ta te sprekken, om te sizzen wêr’t it op stie. Piter Dykstra foaroanman fan ‘Sis Tsiis’ sette útein. Syn ferhaal is as in apart artikel troch It Nijs opnommen. Dêr stiet net by dat Dykstra yn waar en wyn hâlden en kearen hie mei de papieren, mar dat wie wol sa. De twadde sprekker, de ûnderwiisman en tagelyk skriuwer en dichter Geart Tigchelaar, fan Sis Tsiis, fernijde de oanwêzigen dat it sûnder Frysk ûnderwiis net goed komt mei it Frysk. Syn ferhaal wurdt ek hielendal op It Nijs opnommen. Deputearre Sietske Poepjes wie frege om wat oer de stân fan saken te sizzen. Dat se dat die, kinne we posityf oer wêze. De druk op har om wat te dwaan nimt fan ferskillende kanten ta. Se hat te krijen mei BAST/SisTsiis, mei de Ried fan de Fryske Beweging en de Skaad-BFTK dêr’t aanst yn De Haach it petear oer op gong komt, mei it Europeesk Buro fan Lytse talen en mear. Dat wie ek wat se sei, der moat wat barre. We moatte der mei-inoar de skouders ûnder sette.

We witte allegearre wol dat de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten fan 20 maart kommendeweis binne. Dêrom waard dizze manifestaasje no holden en dêrom waarden diskear fansels politisy frege om de taharkers te fernijen wêr’t dy partijen yn dit ferhaal steane en wat wy fan har ferwachtsje kinne. De sprekkers dy’t oan it wurd kamen, wiene: Douwe Hoogland (PvdA), Rendert Algra (CDA), Martijn Krikke (GrienLinks), Sijbe Knol (FNP) en dy waarden ferge om oer in ferskaat oan ûnderwerpen útspraken te dwaan.

It is moai dat hieltyd mear minsken it oer ‘Frysk is fun’ ha,

mar soks is tagelyk te min.

Sa kaam oan ’e oarder dat de lêste jierren opnij te min foar it Frysk dien is en dat de ferliende ûntheffingen fierstente lang jildich binne. It is moai dat hieltyd mear minsken it oer ‘Frysk is fun’ ha, mar dat soks tagelyk te min is kaam ek op it aljemint. Sa murk Hoogland op dat elkenien it oer ‘Taalpolizei’ hat en dat it PvdA-progranmma dus goed lêzen wurdt. Likegoed is hy fan betinken dat it ‘fun’, taalwille yn syn wurden, wêze moat, mar hy seit ek dat de twadde rykstaal wol takomstbestindich makke wurde moat. Rendert Algra hat it oer nocht en wille oan de taal ha en dat we it gewoan dwaan moatte, wy allegearre, minsken likegoed as oerheden. En eins sizze Martijn Krikke en Sijbe Knol gjin oare dingen. We moatte it mei-inoar dwaan en it moat goed regele wurde. Wat it CDA oanbelanget ha alle learkrêften Frysk yn 2023 ek it foech om mar in foarbyld te neamen.’ Dêre moatte se mar oan holden wurde!

De taspraken duorren gjin skoften en diskusje bleau út. Dêr wie it it waar ek net nei. Likegoed kin de organisaasje op sa’n suterige middei mei sa’n opkomst en mei sokke útspraken foarsichtich tefreden wêze en weromsjen op in slagge manifestaasje, It liket de goede kant op te gean. Dat jout moed om fierder foar it Frysk te krewearjen, want we binne der noch lang net. Der sille nei alle gedachten noch hiel wat manifestaasjes holden wurden moatte.

maart 9, 2019 22:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.