Stichting Bildts Aigene hevelet doarpsargyf Minnertsgea oer

maart 21, 2019 19:18

foto www.minnertsgavroeger.nl

Alde foto’s en oare dokumintaasjematerialen dy’t op it webstee fan Stichting Bildts Aigene te besjen binne, wurde oerhevele nei https://minnertsgavroeger.nl. Sa ûntstiet in skieding fan de doarpsargiven fan de echte Biltdoarpen en Minnertsgea. De gemeentlike weryndieling fan ferline jier is dêr de reden fan. It foardiel is dat sawol it eigene fan it ‘Bildts Aigene’, as dat fan it ‘Minnertsgeaster Eigene’ op dy wize fersterke wurdt.

In skoft wie in dependânse fan it eardere Bildts Dokumintasysintrum yn de biblioteek yn Minnertsgea fêstige, mar nei de opheffing fan de pleatslike biblioteek is alle dokumintaasjemateriaal oerbrocht nei de biblioteek yn Sint-Anne. Op it stuit fertsjintwurdigje Aalzen de Haan en âld-Minnertsgeaster Gerrit Bouma it doarpsargyf yn de Stichting Bildts Aigene. Oer de skieding seit De Haan: It is krekt in Brexit yn it lyts, mar it hat gelokkich gjin gefolgen foar de gearwurking mei de Stichting Bildts Aigene. Wy geane op deselde foet fierder sa’t wy dat no ek dogge. It konvenant dat eartiids sletten is tusken de doe besteande gemeente It Bildt, de biblioteek en it Bildts Dokumintasysintrum bliuwt foarearst fan krêft.”

Gerrit Bouma, oprjochter en eigener fan minnertsgavroeger.nl.: Moai dat de Minnertsgeaster foto’s en dokuminten no op ien plak te besjen binne. Ik ha my altiid in hoeder field oer it Minnertsgeaster erfskip yn de Stichting Bildts Aigene. Mei dizze stap kinne de Bilkerts wurkje oan harren Bildts aigene en Aalzen en ik, mei help fan oare Minnertsgeasters, oan it eigene fan ús doarp.”

De offisjele oerdracht sil op freed 29 maart wêze, om 16.00 oere yn it MFA De Doarpsfinne yn Minnertsgea. Fan 15.30 oere ôf is der in foto-ekposysje te besjen en sille (âlde) films te sjen wêze. Wa’t noch foto’s hat dy’t er foar ‘Minnertsga Vroeger’ skenne litte wol, kin dy dan meinimme nei it MFA. Wat mear foto’s en dokuminten oer Minnertsgea fan foarhinne dêryn komme, wat better it byld fan it ferline yn it ûnthâld bliuwe kin.

maart 21, 2019 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.