Snitser kantatekoar fiert jubileum mei konsert

maart 12, 2019 15:33

Snein 24 maart 2019 jout it Sneeker Cantate-Koor syn jubileumkonsert yn ferbân mei syn tachtichjierrich bestean. Der wurde komposysjes útfierd foar koar, solisten en ynstrumintale begelieding fan Antonio Caldara, Wolfgang Amadeus Mozart en Johann Michael Haydn.

De solisten binne Tetsje van der Kooi (sopraan), Femke de Boer (alt), Jeroen Helder (tenoar), Albert Jan de Boer (bariton) en Fedde Tuinstra (oargel). As orkest wurket it Ensemble Conservatoire út Swol mei. Dirigint is Jan Blanksma.

Fan Antonio Caldara (1670-1736) wurdt de Missa Dolorosa útfierd, in wurk fan grutte skjintme en yntinsiteit. It bekende Te Deum Laudamus fan Mozart (1756-1791) is ien fan syn lêste jeugdwurken. Fan Johann Michael Haydn (1737-1806) wurdt it Timete Dominum útfierd.

De útfiering, dy’t om 16.00 oere begjint, is yn de Sudertsjerke, Rienck Bockemakade 7 te Sneek.
Kaarten binne oan ’e doar te krijen à € 17,50. Yn de foarferkeap by Liuwe Westra, dokterom@gmail.com, kostje se € 15,00.

maart 12, 2019 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.