Skotlân út it Feriene Keninkryk?

maart 13, 2019 00:10

It is Theresa May wer net slagge om ôfspraken oer de Brútstap te meitsjen dêr’t it parlemint fan it Feriene Keninkryk it mei lykfine kin. In mearderheid fan 391 parlemintsleden hat nee sein tsjin de ôfspraken dy’t hja mei de Europeeske Uny meitsje woe. In minderheid fan 242 legerhûsleden wie foar.

Frou May woe mei de Europeeske Uny ôfprate dat de grins tusken de republyk Ierlân en Noard-Ierlân (part fan it Feriene Keninkryk) ynearsten iepen bliuwt. De beide lannen soene dan oant 2023 de tiid krije om in foarm fan grinsbewekking te betinken dy’t net ynhâldt dat der slachbomen en dûane-amtners oan ‘e grins komme te stean. Soe dat mislearje, dan soene de grinzen iepen bliuwe. Foar in protte parlemintariërs kin dat der net op troch.

Skotlân en Wales

Net allinne yn Noard-Ierlân is der ûnfrede oer de Brútstapplannen, yn Skotlân besteane dy ek. De Scottish National Party, de SNP, wol dat Skotlân út it Feriene Keninkryk stapt en yn de Europeeske Uny bliuwt. It tinbefolke Skotlân wie, oars as Ingelân, yn grutte mearderheid tsjin de Brútstap. De SNP hat dêrom yn it parlemint fan it Feriene Keninkryk in moasje yntsjinne dêr’t yn stiet dat “Skotlân net twongen wurde moat om út de Europeeske Uny te stappen as it dat net wol”. De SNP besiket al in skoft om in Skotsk referindum oer ôfskieding fan it Feriene Keninkryk te organisearjen. Yn 2014 wie der ek sa’n referindum, mar doe stimde 55 persint fan de Skotten derfoar om it lân byinoar te hâlden.

Yn Wales is ek lang safolle animo net foar de Brútstap as yn Ingelân. Ferline wike besleaten de parleminten fan Wales en Skotlân om tegearre in fersyk oan Theresa May te rjochtsjen om de Brútstap te skrassen en by de EU te bliuwen.

maart 13, 2019 00:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.