Simone Djurrema: Op besite nei Fryslân

maart 16, 2019 20:00

Kollum

Hindrik syn mem waard op 6 maart santich jier, dat se hie al moannen fan tefoarren oanjûn dat wy útnûge wiene op har feest. Om’t ik foar it Holland Projekt yn ús gemeente wurke en dêr in pear jier ferlyn foar op de emigraasjebeurs yn Houten stien hie, hie ik al in pear kear werom west. Dan plakte ik der in reis nei Fryslân oan fêst. Foar Hindrik wie it de earste kear sûnt wy op 13 maart 2015 hjirhinne emigrearre binne. Hy mei graach thús wêze – wêr’t dat ek is – en seit: “As de minsken my graach sjen wolle, komme se hjir mar.” En dêr hat er ek wer gelyk oan. Wy hawwe ek folle mear tiid foar de minsken as se hjir komme.

foto © Simone Djurrema

Al hoe moai oft wy it ek fine om in protte minsken werom te sjen, it griist ús ek oan. Net allinnich de reis en de tariedingen, mar ek dat je nea elkenien treffe kinne. Ik bied dan hjirby ek myn ferûntskuldiging oan as wy net by jimme west hawwe. Dizze kear hiene we foar de reis nei Fryslân de boat fan Göteborg nei Fredrikshamn nommen en op de weromreis fan Grenå nei Varberg. Dat wie nij foar ús. Wy fine it wat stressich om op in fêste tiid op in boat wêze te moatten, mar it skeelde safolle yn ’e priis dat we it besykje woene. Wy diene der langer oer, mar it foldie ús bêst.

Wat tichter we by Fryslân kamen, wat minder it waar waard, mar healwei tsienen jûns koene we moai drûch binnendoar komme by Hindrik syn mem, dy’t alles tiptop foar ús yn oarder makke hie. De oare deis doe’t we wat winkelje soene, wie it wol oars: it reinde dat it wat die. Wolkom yn Fryslân dus.

En doe begûn it, trije, fjouwer of sels fiif besiten op in dei ôflizze! Besykje om safolle mooglik by te praten, want men wol fansels net alles oer de app of telefoan sizze. Alle kearen de mobyl derby mei de rûteplanner, want wêr’t de Sintrale As begjint en ophâldt en wat de koartste paden binne, witte wy no fansels net mear. En de giele nûmerbuorden fan de auto’s liken sa frjemd!

Op woansdei wie it feest en dat wie in grut sukses. Hindrik syn mem moch fansels neat dwaan. Dêr soargen de bern mei oanhang en de bernsbern foar. Elkenien hie it tige nei it sin. Hindrik syn suske hie hearlike hapkes besteld en wy hiene Sweedske taarten meinommen foar by de kofje, twa soarten kocht en ien soarte sels bakt. Wy hiene in grutte pypskombox mei allegearre kuoleleminten deryn mei en dat wurke fantastysk; alles wie noch goed beferzen doe’t we oankamen. No’t we dat witte, kin soks faker. Foaral mei frikandellen, kroketten en rikke woarsten nei Sweden!

It wie hearlik oeral de Fryske taal te hearren en gewoan mei hast elkenien Frysk prate te kinnen. Sels yn ’e winkels prate noch in protte minsken gewoan Frysk. Dêr tochten wy oars net sa om, mar no falt dat fansels op. Der wie famylje dy’t tocht dat wy net goed Frysk mear prate kinne soene, mar ik kin my net foarstelle dat dat der ea út giet! Wy fûnen it prachtich om alles wer te sjen: it kûlisselânskip, it wetter, ús Fryslân. Mar it is no noch foller wurden mei al dy nije wegen. Wy binne bliid dat we yn ’e rêst werom binne, al wenje we hjir ek wer net yn ’e rimboe.

Mei de pypskombox fol Gelderske woarst, kroketten en frikandellen, in doaze fol nageltsjetsiis en oare tsizen, curry, sjerpwafels en oare dingen binne we weromriden mei de beide bern. Hoe faak sil dat noch barre? De dochter giet yn april foar in jier nei Roemenië om missywurk te dwaan, de soan wol werom nei Fryslân sadree’t er syn rydbewiis hat. Sa’t wy útflein binne, fleane de bern no ek út, mar it is krekt sa’t it sprekwurd seit:

“Do kinst de Fries wol út Fryslân helje, mar Fryslân hellest nea út de Fries.”

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
maart 16, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.