Robert Frost yn it Frysk

maart 19, 2019 10:47

Yn Aldsyl City of Literature is moandei 18 maart ferskynd de blomlêzing In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries.

Abe de Vries (foto: Tresoar)

In rûgel wyt wurdt oanbean as frij del te laten e-book en befettet 32 Fryske oersettingen fan gedichten fan de Amerikaanske dichter Robert Frost (1874-1963). Frost, in tiidgenoat fan Obe Postma, wie de ferneamdste Amerikaanske dichter fan de earste helte fan de tweintichste ieu; hy krige fjouwer kear de Pulitzer Prize takend. Net earder is der in blomlêzing yn it Frysk út syn wurk publisearre.

Om reden fan copyright befettet de bondel net de Ingelsktalige orizjinelen. In rûgel wyt is del te laden fia it weblog fan de oersetter (www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com) of fia syn Facebookside. Earder al brocht De Vries syn njoggende dichtbondel, Mienskar, op dizze demokratyske wize út. Mei de twa e-book útjeften komme hast santich Frysktalige gedichten foar in breed publyk fergees beskikber.

Abe de Vries (1965, Winaam) hat ûnder mear njoggen dichtbondels publisearre. Yn 2005 waard him de Gysbert Japikspriis takend foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004).

Fia dizze link is In rûgel wyt te lêzen.

De bondel Mienskar is fia dizze link te lêzen.

maart 19, 2019 10:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe maart 19, 14:22

    Tankewol, ItNijs!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.