Rifka Lodeizen wint IFA Trofee

maart 7, 2019 08:54 Fernijd

Aktrise Rifka Lodeizen wint dit jier de 33e IFA Trofee. Dy priis fan Internationaal Filmfestival Assen wurdt jierliks útrikt oan in frou dy’t har fertsjinstlik makke hat yn de filmsektor. Lodeizen kriget de IFA Trofee fanwege har yndrukwekkende karriêre as aktrise en senarioskriuwer. De trofee wurdt op it Internationaal Filmfestival Assen op sneon 10 maart om 13.30 oere útrikt troch Karin Dekker, wethâlder kultuer en DNK, yn de foyer fan de bioskoop fan DNK.

Ofbylding: IFA

Lodeizen hat ferskate prizen efter har namme stean, wêrûnder in Gouden Kalf foar bêste aktrise foar de haadrol yn de film Kan Door Huid Heen, in Gouden Kalf foar bêste aktrise yn in telefyzjedrama foar har rol yn Overspel en in award foar bêste aktrise by it Mediawave Filmfestival yn Hongarije. Dêrneist is se mar leafst njoggen kear nominearre foar in Gouden Kalf, ûnder oare foar har rollen yn de films Simon, Publieke Werken, Tonio, Verdwijnen en La Holandesa. Op it stuit spilet se yn de searje Judas de rol fan Astrid Holleeder.

Neist har aktearwurk is Lodeizen ek senarioskriuwer. Har koarte film Remember to Check Out is yn 2016 nominearre foar in Gouden Kalf foar bêste koarte film.

Karin Dekker is op 14 febrewaris ynstallearre as wethâlder yn de gemeente Assen. Earder wie se wethâlder yn Grins en De Like. Yn Assen hat sy ûnder oare de tema’s kultuer en antydiskriminaasje & minderheden yn har portefúlje.

De IFA Trofee wurdt sûnt 1986 alle jierren útrikt. Eardere winners wiene ûnder oare Sacha Polak, Dana Linssen, Ally Derksen en Hanna Verboom. Ferline jier wûn Sandra den Hamer de priis foar har fertsjinsten foar EYE Filmmuseum yn Amsterdam.

maart 7, 2019 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.