Riemersma: EU-lannen moatte minderheidstalen wetlik beskermje

maart 22, 2019 22:09

Foto: De Grienen / EFA

Alle lannen fan de Europeeske Uny moatte har minderheidstalen mei goede wetten beskermje. Dat sei Alex Riemersma woansdei tsjin de europarlemintariërs fan De Grienen / Europeeske Frije Alliânsje. Riemersma wurket as ûndersiker op it mêd fan meartaligens foar hegeskoalle NHL Stenden. Hy wie te gast by de grutte Europeeske fraksje, dêr’t de griene en regionale partijen út Europa yn ferienige binne. Grien Links en de FNP meitsje der ek diel fan út.

Riemersma wie ien fan ‘e sprekkers op in dei oer de bestriding fan diskriminaasje. Hy wiisde derop dat noch net alle lannen fan ‘e Europeeske Uny it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen goedkard hawwe. Neffens him soe dat in minimumeask wêze moatte oan alle EU-lidsteaten. Oan ‘e oarder kamen fierder de minne posysje fan de Turksktalige minderheid yn Grikelân en de goede beskerming fan de Deensktalige minderheid yn Noard-Dútslân.

maart 22, 2019 22:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.