Reahel-West en Twizelermieden opnij ynrjochte

maart 11, 2019 08:55

Deputearre Johannes Kramer, foarsitter gebietskommisje Achtkarspelen-Súd Baukje Nijboer, bestjoerder Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân, wethâlder fan Achtkarspelen Jouke Spoelstra en Jeffrey Huizinga fan Steatsboskbehear hise it puzzele iepeningsboerd omheech.

Freed 8 maart is de gebietsûntwikkeling fan de Twizelermieden en Reahel-West offisjeel en feestlik oplevere en ôfsletten. Bestjoerders fan Wetterskip Fryslân, gemeente Achtkarspelen en Steatsboskbehear iepenen yn ’e mande mei deputearre Kramer en de foarsitter fan de gebietskommisje Baukje Nijboer de nije fyts- en kuierbrêge tusken beide gebieten.

Wetter en natuerûntwikkeling
Yn it Miedegebiet spilet wetter spilet in grutte rol. Om it ferdrûgjen tefoaren te kommen en it effekt fan kwel (mineraalryk wetter) grutter te meitsjen giet it wetterpeil omheech en is de wetterhúshâlding oanpast. Yn it Súdwestlik diel fan Reahel-West en yn de Twizelermieden is dat goed te sjen oan de wiete healannen. Bysûndere planten lykas de djerreblom en it bûnt hantsjekrûd profitearje dêrfan en greidefûgels binne ek sljocht op dy wiete omstannichheden. Yn it noarden fan Rehael-West wikselje petgatten, healannen en broekboskjes inoar ôf.

Partikulier natuerbehear
Yn de Twizelermieden komt sa’n 120 bunder grûn frij foar partikulier natuerbehear. Dy grûn komt ynkoarten op ’e merk. Staetsboskbehear beheart ek natuergrûn yn de Twizelermieden en Reahel-West. “Ik fyn it tige wichtich dat der neist romte foar natuer ek romte bliuwt foar lânbou en foar it fee, sa’t dat yn it ferline ek wie. Ik bin der dêrom ek grutsk op dat dizze grûn aanst foar partikulier natuerbehear beskikber komt”, sei deputearre Johannes Kramer. Baukje Nijboer (foarsitter gebietskommisje Achtkarspelen-Súd): “Op dit stuit leit de oankeap en ynrjochting fan nije natuergrûn yn it Miedegebiet stil. Dêr sitte wy as kommisje oer yn noed. Wy hawwe in plan skreaun mei ideeën om de Mieden mei minder middels dochs robúst yn te rjochtsjen. Dat wolle wy yn de kommende tiid mei partijen en omwenners fierder útwurkje.”

Fytse en kuierje
It besteande fyts- en kuierpaad yn Reahel-West is opknapt en troch in nij brechje oer de Bûtenpostmer Feart mei de Twizelermieden ferbûn. It paad rint no troch oant de Ald Dyk. Tusken de Ald Dyk en de Sânsleat is ek in nij kuierpaad oanlein. Omwenners en rekreanten kinne no in moai slachje om.

maart 11, 2019 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.