Provinsje wol gjin dûbeldtalige beliedsstikken mear

maart 23, 2019 13:58

Avine Fokkens (foto: Omrop Fryslân)

De provinsje Fryslân wol dat beliedsstikken net mear yn twa talen oanlevere wurde. Steateleden moatte deroan wenne dat se wurkje yn in situaasje dêr’t de ien Frysk brûkt en de oare Nederlânsk.

Komsaris fan ‘e kening Arno Brok hie der yn july al oer klage dat guon Steateleden fan alle Frysktalige stikken in oersetting easkje. VVD-Steatelid Avine Fokkens sei doe dat it lêzen fan Frysktalige stikken har tefolle tiid koste. Nederlânsktalige stikken wurde net yn it Frysk oerset.

De Steategriffy, dy’t de stikken oanleveret, wol tenei mar ien taalferzje mear meitsje. It doel is dat in fearn fan ‘e stikken Frysktalich is en trije fearnspart Nederlânsktalich. De provinsje is formeel ferplichte om Frysktalige stikken yn it Nederlânsk oer te setten as ien dêrom freget, mar wol dy praktyk ûntmoedigje troch ôf te praten dat soks eins net mear kin.

maart 23, 2019 13:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.