Provinsje bringt fuortbestean hûneskoallen yn gefaar

maart 2, 2019 16:48 Fernijd

foto Hûneskoallen Fryslân

It fuortbestean fan de hûneskoallen De Doordouwers en De Vluchtsprong fan De Tynje stiet wikkerdewik. Beide hûnesportferieningen reitsje harren terrein kwyt. It fjild oan de Hanebuert by de Tynje, dêr’t de treningen en kursussen al goed tweintich jier op jûn wurde, moat as lânbougrûn ferkocht wurde. Der is lykwols noch gjin keaper foar. Mar de ferieningen moatte der al wol ôf en de opstallen moatte ôfbrutsen wurde.

Foarsitster Leonie van der Horst fielt hat troch de gemeente Opsterlân en de provinsje diskriminearre  en yn ’e steek litten. “Se dogge beide al jierren neat om ús te helpen, wylst wy as non-profitoreginsaasjes in maatskiplik en wolwêzensdoel tsjinje. Foar populêre sporten wurde wol fjilden beskiber steld of tsjin in skiplike priis ferhierd, mar wy moatte sels mar sjen hoe’t wy oan in gaadlik terrein komme. Omdat dat foar ús net te beteljen is, betsjut dit de ein fan ús bestean.”

It leafst bliuwe de ferieningen op de tsjintwurdige lokaasje, in earder slykdepot. Se hawwe de Provinsje ferskate kearen frege om op it beslút werom te kommen, mar dat hat neat oplevere. Dêrom sil foar de Steateferkiezingen fan 20 maart in petysje oan de Steaten oanbean wurde.

maart 2, 2019 16:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.