Premierskip Theresa May o sa faai

maart 24, 2019 14:29

It is tige ûnwis oft Theresa May moandei noch premier fan it Feriene Keninkryk is. Har eigen regear hat gjin betrouwen mear yn har. Underskate ministers hawwe te witten dien dat hja opstappe as frou May net dien nimt.

Neffens de ministers hat de premier de ûnderhannelings oer de Brútstap – it lid-ôf wurden troch it lân fan ‘e Europeeske Uny – net goed oanpakt. Dat hja it parlemint der de skuld fan jout dat de Brútstap foarútskood is, kin der neffens de ministers likemin op troch.

Nije wike beslút

De reboelje komt op in stuit dat der wichtige besluten nommen wurde moatte. Moandei of tiisdei moat it Britske parlemint ja of nee sizze tsjin de ôfspraken dy’t May mei de Europeeske Uny meitsje wol. Sjoch hjir foar in skema fan it fierdere tiidspaad fan de Brútstap.

Op ‘e lange baan

Yn it Legerhûs, de Britske Twadde Keamer, binne twa kampen ûntstien, dy’t dwers troch de partijen hinne rinne. Guon parlemintsleden wolle dat May opstapt, oaren wolle krekt dat der yn sokke roerige tiden net in nije premier socht wurde moat. Foarstanners fan ‘e Brútstap eangje boppedat dat dy op ‘e lange baan skood wurdt en faaks net trochgiet, as May premier-ôf wurdt.

Referindum

Wilens wurdt yn it Feriene Keninkryk hurd demonstrearre foar in nij referindum oer de Brútstap. De politike lieders fan Skotlân en Wales hawwe dêr ek al foar pleite. De twa grutste parlemintsfraksjes, de Konvervative Partij en de Arbeidspartij, wolle dêr lykwols neat fan witte.

maart 24, 2019 14:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.