Peaske-aktiviteiten yn Doarpskeamer Akkrum

maart 22, 2019 09:42

Deensk knipwurk (foto: Deirdre Fokkinga)

Doarpskeamer ED yn Akkrum brûzet yn de wiken foar Peaske. Om it tema Peaske hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre. In wurkwinkel peaskeslingers meitsje, de start fan in spulmiddei alle lêste freeds fan de moanne en it meitsjen en priuwen fan smoothies stean op it programma.

Remie Wassenaar en Grietje van der Meulen jouwe op freed 5 april om 14.00 oere in wurksjop yn it meitsjen fan in Peaskeslinger fan Deensk knipwurk. Meastal dogge se dat foar bygelyks frouljusferienings, mar diskear foar de besikers fan Doarpskeamer ED. Oan de wurkwinkel binne gjin kosten ferbûn. Wol meie belangstellenden sels in neilskjirke meinimme.

Spulmiddeis
In moanlikse spulmiddei foar alle besikers moat in bliuwerke wurde. Doarpskeamer ED wol besykje alle lêste freeds fan de moanne de ynrin te kombinearjen mei spultsjes lykas damjen, rummikub en skaken. De earste kear is op 26 april, dêrnei op 31 maaie en 28 juny. Letter wurdt de spulmiddei evaluearre. No al komme belangstellenden spontaan lâns en pakke se spultsjes út de kast om te spyljen.

Yngrediïnten foar it meitsjen fan in lekkere smoothie (foto: Persbureau Noordoost)

Smoothies meitsje
In bysûndere aktiviteit op sneon 11 maaie 2019, de moarns om 11.00 oere. Doarpskeamer ED organisearret dan in priuwerij fan smoothies. Besikers kinne net allinnich priuwe, mar ek sels meitsje en dêrby fariearje yn ferskate smaken.

Doarpskeamer ED
Rakswâl 19
Akkrum
doarpskeamer.ed@gmail.com

maart 22, 2019 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.