Opskuor om nije Feanster fuotbaldirekteur Roozemond

maart 6, 2019 13:58

De Feanster fuotbalklup SC Heerenveen hat in nije direkteur, Cees Roozemond. Dy syn oanstelling ferrint net yn stillichheid. Omrop Fryslân hat it oer “de coup van Cees” en haadsponsor GroenLeven lit yn him omgean en hâld op mei it sponsorskip. Ald-trener Foppe de Haan is fernuvere oer de beneaming, om’t er mei Riemer van der Velde en Gertjan Verbeek in plan foar de takomst fan SC Heerenveen skreaun hie, dat hja hjoed trijeresom oan de klup foarlizze soene.

Roozemond wie foarsitter fan it stiftingsbestjoer fan SC Heerenveen. Dat bestjoer die yn novimber ferline jier te witten dat it net langer betrouwen hie yn de rie fan komsarissen. Foar direkteur Luuc Eisenga wie dat oanlieding om op te stappen. Roozemond naam it direkteurskip doe tydlik oer.

Foar it direkteurskip wiene mear gadingmakkers. Sytse Bouwer, dy’t earder direkteur wie fan GroenLeven hie der ek belang by. Bouwer seit tsjin Omrop Fryslân: “As foarsitter fan it stichtingsbestjoer […] de direkteur fuortstjoere en dan sels nei foaren?” Dat er sels de baan net krige hat, is neffens Bouwer net de reden dat er negatyf is oer Roozemond syn beneaming. Wol freget er him ôf oft Roozemond wol sa geskikt is: “Doe’t hy trije jier lyn by de klup kaam, fertelde er my dat er noch supporter fan AZ wie.”

maart 6, 2019 13:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.