Oprop oan alle minsken dy’t it Frysk in waarm hert tadrage

maart 26, 2019 15:53

Lit jim 24 april sjen en hearre yn De Haach!

De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis wolle op woansdei 24 april mei in grut tal Friezen nei De Haach om oan de Twadde Keamer en it regear dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn plichten neikomme moat oangeande it Frysk.

Dy dei komt yn in Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (AO) de stân fan saken oangeande it Frysk oan ’e oarder sa’t dat foar de kommende perioade 2019-2023 yn de nije BFTK fan Provinsje en Ryk beskreaun stiet. De Fêste Keamerkommisje hat minister K.H. Ollongren dêrta útnûge.

Oanlieding wie in petysje fan de Ried, oanbean oan de Keamerkommisje yn desimber 2018, mei soargen oer tekoartkommings yn dy bestjoersôfspraak. Dat hat laat ta fragen oan de minister. De skriftlike reaksje fan de minister op dy fragen wie de Keamerkommisje net nei ’t sin en dêrom is de minister opnij útnûge om yn de kommisje ferantwurding ôf te lizzen.

By útstek de gelegenheid dus om as Fryslân sjen te litten dat we fan ‘De Haach’ ferwachtsje dat se it Frysk serieus nimme en har oan de ferplichtings hâlde sa’t dy yn allerhanne hânfêsten, ramtferdraggen en wetten fêstlein binne.

It kommisje-oerlis wurdt holden op woansdei 24 april 2019 fan 13.00 oant 14.30 yn de Wttewaall van Stoetwegenseal yn it Twadde Keamergebou yn De Haach. It is in iepenbiere gearkomste dy’t troch elkenien bywenne wurde kin.

Doel is om moarns mei in busfol minsken út Fryslân rjochting De Haach te gean en dêr om 11.00 oere op it Binnenhof ús soargen en easken kenber te meitsjen oan publyk, parse en Twadde Keamerleden. Om 13.00 oere is elk dan wolkom om it debat yn de Keamerkommisje by te wenjen. Wat mear minsken, wat mear yndruk soks makket.

Wa’t mei wol graach opjaan foar 1 april by sistsiis@hotmail.com (graach mei namme, wenplak en telefoannûmer). Der binne gjin reiskosten oan ferbûn. Mear ynformaasje oer tiden en opstapplakken folget letter.

Foar fragen kinne jim maile nei sistsiis@hotmail.com of belje nei 06-13963855 (Piter Dykstra).

Mear eftergrûnynformaasje is it finen fia dizze link.

 

maart 26, 2019 15:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Piter Dykstra april 5, 09:50

    De eindatum is net mear 1april, mar op17 april steld. Oant dy dei meitsje jo noch kân op in fergees sitplak yn de bus.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.