Opnamen foar koarte film ‘Moffenmeid’ yn Ljouwert

maart 31, 2019 08:41

Mei de koarte film Moffenmeid studearret regisseur Raymon Hilkman dit jier ôf oan de Hogeschool voor de Kunsten yn Utert. Moffenmeid is in histoarysk drama sjoen út it perspektyf fan Wies wei, mem fan in dochter dy’t kealskeard wurdt om’t se swier is fan in Dútske militêr. Nei dat pynlike barren docht Wies der alles oan om har dochter foar de bûtenwrâld te ferbergjen om sa har reputaasje heech te hâlden.

Foto: morguefile.com

It ferhaal spilet him ôf yn de maaiedagen fan 1945 en de opnamen wurde dien yn it autentike sintrum fan Ljouwert. Foar regisseur Raymon Hilkman is de film net inkeld in manier om in pynlik ûnderwerp oan te snijen, mar in persoanlik ferhaal. 75 jier nei dato is de skamte om dat famyljegeheim hinne noch te grut om frijút oer te praten. Mei Moffenmeid wol Raymon it taboe trochbrekke en wol er sjen litte dat ‘leafde net skuldich wêze kin’.

Moffenmeid is in ko-produksje fan IFAN Company, dat stiet foar ‘Independent Film Artists Network’. IFAN is neist in netwurkorganisaasje foar film- en fideomakkers, ek in film- en fideoproduksjehûs foar artistike én kommersjele fideoproduksjes.

maart 31, 2019 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.