Omrop Fryslân yn ferkiezingstiid

maart 1, 2019 08:36

Op woansdei 20 maart mei hiel Fryslân wer nei de stimbus om de nije leden fan de Provinsjale Steaten te kiezen. Mar wêr giet dy provinsje eins oer en wat docht dat bestjoer? En wichtiger noch: wat binne, neffens de Friezen, saken dy’t it nije bestjoer as earste oanpakke moatte soe? Omrop Fryslân jout in ynsjoch yn de ferkiezingen dy’t foar Fryslân fan grut belang binne.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Provinsjale Steateferkiezingen
Wat docht in Steatelid? En wat heart der by it takepakket fan in deputearre? Fan 4 oan en mei 8 maart rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld staazje by de provinsje yn ferskate funksjes. Op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app is te folgjen hoe’t Lennie it derfan ôf bringt.

Alle listlûkers foar de Steateferkiezingen komme oan it wurd yn it radioprogramma No yn Fryslân. Dêrneist binne op Omropfryslan.nl en de Omrop-app listlûkersportretten te lêzen mei in politike en in persoanlike kant.

Wetterskipsdebat yn Buro de Vries
Yn it radioprogramma Buro de Vries is op snein 17 maart om 12.00 oere in wetterskipsdebat te hearren. De listlûkers fan de ferskate partijen debattearje oer aktuele Wetterskipsûnderwerpen om sa de kiezers nei harren kant te lûken.

Listlûkersdebat
Ien dei foar de ferkiezingen, op 19 maart, wurdt yn it provinsjehûs in listlûkersdebat holden. Dêr diskusearje de listlûkers yn oer aktuele en Fryske tema’s. Dat is allegearre fan 19.00 oere ôf te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app en wurdt om 21.00 en 23.00 oere werhelle.

Utslaggejûn
Op de ferkiezingsdei sels, woansdei 20 maart, steane de ferkiezingen de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de buro’s en jûns in ferkiezingsútstjoering mei de lêste útslaggen. Fan 20.00 oere ôf sjocht Omrop Fryslân op de radio mei gasten werom op de ôfrûne bestjoersperioade en bringt sa gau mooglik de lêste útslaggen, de reaksjes dêrop en fansels tsjutting. Om 22.00 oere is dat ek te folgjen op telefyzje.

Neiprate
De oare deis binne op ‘e radio yn it programma ‘Fryslân fan ‘e moarn’ de reaksjes op de útslach te hearren en jout polityk ferslachjouwer Andries Bakker tsjutting. Dernjonken is Omrop Fryslân live by it moarnsbrochje fan it Wetterskip, dêr’t de útslach fan harren ferkiezingen bekend makke wurdt. Op telefyzje, yn Fryslân Hjoed, wurdt op 21 maart ek neipraat oer de ferkiezingen.

Alles oer de ferkiezingen is te finen op: Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

maart 1, 2019 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.