Omrop Fryslân wint NL Award foar bêste radioprogramma

maart 28, 2019 08:08

It programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân hat in NL Award wûn foar it bêste radioprogramma. Programmamakker Geartsje de Vries wûn mei har radiodokumintêre oer transgender Manon. Manon Barendsen út Snits fertelt yn de dokumintêre hiel iepen oer har oergong fan man nei frou. De prizen foar de NL Awards waarden woansdeitejûn útrikt yn Zeist.

Manon Eline Veere (foto: Omrop Fryslân)

Yn de dokumintêre “Einliks mysels…”: Marc Sander waard Manon Eline Veere is Manon Barendsen iepen oer har oergong fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinnich lichaamlik, ek psychysk. Programmamakker Geartsje de Vries fan Buro de Vries tekene it ferhaal op en wûn dêrmei dizze NL Award.

De dokumintêre De Joadske Brulloft en it item oer de readbûnte kij wiene ek nominearre, mar foelen bûten de prizen.

De NL Awards binne in inisjatyf fan de haadredakteuren fan regionale omroppen, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De prizen wurde alle jierren útrikt op it NL Media Event.

maart 28, 2019 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.