Omrin set yn op bioferskaat

maart 20, 2019 12:15

Undertekening Bijepakt yn Natuermuseum Fryslân. Foto SBC Media

De direkteur fan Ekopark de Wierde fan Omrin op It Hearrenfean, Hein Grafhorst, hat tiisdei 19 maart, it Bijepakt ûndertekene. Dat barde yn het Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. Omrin wurket mei fjirtjin oare (Fryske) organisaasjes gear oan it betinken fan lokale oplossingen foar it probleem fan de bijestjerte. It is ien fan de projekten yn it ramt fan bioferskaat fan de ôffalsamler en ‑ferwurker. “Sûnder bioferskaat gjin sirkulêre ekonomy. Dêrom wolle wy aktyf bydrage oan alle foarmen fan omrin, ek dy yn de omkriten en natuer. Omrin wil koprinner yn de sirkulêre ekonomy wêze. Dêrom stimulearje wy it bioferskaat ek”, fertelt Grafhorst.

Bioferskaat
Omrin is mear as in tradisjoneel ôffalbedriuw en stiet midden yn de mienskip. Mei-inoar de wrâld moaier en skjinner meitsje is it grutte doel fan Omrin. “Simpel sein hawwe wy bijen en oare ynsekten nedich foar it meitsjen fan nije grûnstoffen. Sûnder de wylde bij ferdwine in protte grûnstoffen lykas grienten, fruit en wylde planten, omdat it bestowen fan in grut part fan ús gewaaksen ophâldt”, seit Grafhorst, dy’t syn taspraak ôfsleat mei: “Mei it fuortsterkjen fan it bioferskaat op Ekopark De Wierde wurde de rânebetingsten foar it mooglik meitsjen fan in sirkulêre ekonomy boarge. Sa kinne ús bern en bernsbern ek genietsje fan de kers op harren taart en in ierdbei op harren twibak.”

Mear projekten
Omrin set meikoarten mei mear projekten útein dy’t it bioferskaat op Ekopark De Wierde te’n goede komme. De Wierde ûntwikkelet him sa fan in tradisjonele dwinger ta in grûnstoffepark mei moderne ynstallaasjes foar it neiskieden fan ôffal, de produksje fan griengas en it sortearjen fan keunststof en hat dêrby each foar it bioferskaat fan de lokaasje.

It Bijepakt waard ek ûndertekene troch Arriva, Boargerinisjatyf Beetstersweach, Fryske Miljeufederaasje, Gemeente Ljouwert, Gemeente Achtkarspelen, Hegeskoalle Van Hall Larenstein, It Fryske Gea, Landal Ezonstêd, Natuermonuminten, Nordwinkolleezje, Poiesz Supermerken, Provinsje Fryslân, Steatsboskbehear en de feriening Noardlike Fryske Wâlden.

maart 20, 2019 12:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.