Ofspraken tusken Ryk en provinsje oer Limburchsk

maart 18, 2019 14:11

De provinsje Limburch en it Ryk sille ôfspraken meitsje oer it stypjen fan de Limburchske streektaal. Dat hat minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren sneon buorkundich makke.

It Limburchsk is in samling fan dialekten dy’t praat wurde yn de Nederlânske en de Flaamske provinsje Limburch. De Nederlânske oerheid erkent it Limburchsk as streektaal neffens it Europeesk Hânfêst foar regionale talen. It Frysk, Nedersaksysk, Jiddysk en Romany wurde ek erkend. It Frysk is lykwols de iennichste taal dêr’t it Ryk spesifike tasizzings foar dien hat. Dy binne opnommen yn diel 3 fan it Hânfêst en útwurke yn in rige saneamde bestjoersôfspraken tusken it Ryk en de provinsje Fryslân.

Foar it Nedersaksysk hawwe it Ryk en ferskate legere oerheden ferline jier in saneamd konvenant sletten. Dat is in dokumint mei ôfspraken oer stipe foar de Nedersaksyske tongslaggen. Dy ôfspraken binne folle minder konkreet as dy foar it Frysk en boppedat binne se foar de partijen gjin ferplichting. Foar it Limburchsk komt in konvenant dat te ferlykjen is mei dat foar it Nedersaksysk.

Foar de streektalen Biltsk, Sieusk en Papiamintsk binne ek bewegings dy’t erkenning en stipe wolle, mar it Ryk hat dêr oant no ta gjin ferlet fan.

maart 18, 2019 14:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.