Oerwurk Blauhúster toer hûndert jier

maart 25, 2019 09:22

It oerwurk. Foto © Sicco Rypma

Kommende snein wurdt yn Blauhús betocht dat it oerwurk yn de toer fan de Sint-Fitustsjerke hûndert jier âld is. Symboalysk krekt op dy snein, omdat dan de simmertiid yngiet.

Doe’t de tsjerke yn 1868 boud waard, waard besletten dat der in klok yn de toer moast, omdat it ‘bij brand en andere rampen volstrekt noodzakelijk is.’ It earste oerwurk moast yn 1919 ferfongen wurde. Sûnt doe jout dat al hûndert jier de tiid oan. It waard levere troch R. Eijsbouts, fabriek van Torenuurwerken te Asten foar njoggentjinhûndert gûne.

De fiering snein ûnder lieding fan pastor Lucas Foekema, mei as tema Tiid, begjint om healwei tsienen. Der is ek in koarte film oer it oerwurk te sjen. Nei de tsjinst sil Willem Witteveen ûnder it kofjedrinken wat oer de wurking fan it oerwurk fertelle en kin it besjoen wurde.

De klok slacht altyd om it kertier, en moarns sân oere, middeis tolve oer en fiif oere wurdt der kloklet. Dat lêste foar it Angelus. It oerwurk en trije slachwurken moatte alle wiken twa kear opwûn wurde. Dat bart mei de hân. Jan Landman en Willem Witteveen draaie dan mei in slinger de fjouwer gewichten fan elk 150 kilo omheech. Willem Witteveen: “In prachtig stik technyk en foar ús in útdaging om de tiid altyd presys goed te hâlden.”
Wa’t der nijsgjirrich nei is, is snein fan herten wolkom by ‘Alles hat syn tiid’.

maart 25, 2019 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.