Oare Fyzje SjongFestival

maart 4, 2019 12:16

Yn it wykein fan 11 en 12 maaie sil yn Weidum it Oare Fyzje SjongFestival holden wurde. De muzykferiening Harmonie Weidum, dy’t it organisearret, hat al hiel wat ûnderfining mei grinsferlizzende optredens lykas Weidum Slaat Troch, Koperdieven, Memories of a Nightclub en de bernefoarstellingen Hennie de Heks & Rôversguod.

Der mei rekkene wurde op in jûn grôtfol hits, brocht troch tópfokalisten. De presintaasje is yn de bedreaune hannen fan it eigen opfallende duo Tialde Ploegh & Wybo Smids. Op it muzykspektakel binne ûnder mear te hearren de suksesnûmers: Slow down, Euphoria, Puppet on the string, Ding-a-dong, Birds, Only teardrops, Nocturne en it rauwe Outlaw in ’em fan Waylon! Der wurkje 22 artysten, goed 45 slachwurkers & blazers oan mei.

It festival wurdt holden op sneon 11 maaie fan 21.00 oant 00.00 oere en op snein 12 maaie fan 15.00 oant 18.00 oere yn Doarpshûs Weidum, Bornialeane 1, Weidum. Tagongspizen: folwoeksenen € 12,50, bern o/m 12 jier € 7,50. De kaartferkeap is 1 maart úteinset.
Kaartferkeap: https://www.harmonieweidum.nl/bestel-kaarten

maart 4, 2019 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.