Nútsjesmoar

maart 16, 2019 07:07

Resint ferskynd

troch Auck Bosch

Under de Fryske les kaam it wurd nútsjesmoar oan ’e oarder en doe’t ik nei hûs ta fytste tocht ik, der wie wat mei it wurd pindakaas. It hie te krijen mei de suvel. Hoe’t it ek alwer krekt siet haw ik opsocht yn de Wikipedia. Wat ik gewaarwurden bin fertel ik hjirûnder.

De útfining stiet op namme fan John Harvey Kellogg. Ja yndied, dy fan de Corn Flakes. Dy Amerikaan ûntwikkele it produkt as byprodukt fan it meitsjen fan apenute-oalje. Sa om 1930 hinne wie it krisis yn Amearika en it regear socht om in goedkeap mar streksum produkt om de honger fan de krisisslachtoffers yn ’e mjitte te kommen. It spul krige de namme peanutbutter en yn oare talen wurdt it ek bûter neamd, b.g. Frânsk: beurre de cacahuètes, Dútsk: Erdnussbutter, mar it Sweedske jordnötssmör liket dan wer op it Fryske nútsjesmoar.

Yn 1872 stie yn de Surinaamske krante De West-Indiēr it wurd pindakaas. It gie oer “4 flesschen pindakaas”. It moat dus smardersguod west hawwe. Yn it WNT fan 1882 stiet it wurd pindaboter, mar nei alle gedachten wie dat in soarte fan plantebûter makke fan apenutenoalje.

Allinnich yn it Nederlânsk is it kaas. Dat komt nei alle gedachten troch in 18e iuwske Dútske ferbastering. Yn Suriname wie, yn it mei de hân skreaune Neger-Englisches Wörterbuch fan C.L. Schuman (1783) al praat fan Pinda-Käse, as oersetting fan pinda-dokunnun. Yn it tsjintwurdige Sranan hjit dat pindadokun, mar dat is wol wat oars as nútsjesmoar. It is in blokfoarmige massa mei stampte apenuten, dêr’t men plakken fan snije kin, krekt as by tsiis. It soe dus wêze kinne dat wy de namme pindakaas te tankjen ha oan mynhear Schuman.

Yn 1948 waard troch de Nederlandse Oliefabriek it earste apenutesmarsel makke. Mar it mocht hjir gjin pindaboter hjitte. Dat hie te krijen mei de Boterwet út 1889, dêr’t yn beskreaun stie wêr’t bûter oan foldwaan moast. Der waard yn dy tiid nochal omgriemd mei de bûter. Der kaam gauris kofet en oar guod dat net al te suver wie yn. Der kaam diskusje en bûter moast bûter wêze en al it oare waard margarine. En doe’t yn 1948 it earst potsje nútsjesmoar op de merk kaam mocht dat dus gjin bûter hjitte, want der siet gjin bûter yn. Kaas wie in goed alternatyf, der wie ommers ek al leverkaas .

Yn Noard-Amearika wurdt oardel kilo peanutbutter de persoan yn ‘t jier brûkt. De peanutbutter moat dêr foar 90% út Amerikaanske apenuten bestean. Der mei net in keunstmjittige stof oan tafoege wurde. Mar jo kinne der wol lekkere sandwiches mei meitsje, bygelyks peanutbutterjelley, of de Elvis Sandwich mei peanutbutter, banana en bacon. De produksje fan de Nederlânske nútsjesmoar giet werom op 1883. Doe waard de Nederlandse Oliefabriek oprjochte: NOF. It fabryk makke slaadoalje. It gong in fúzje oan mei it Frânske Calvé. Dat waard yn 1928 opkocht troch Van den Bergh & Jurgens. Twa jier letter waard dat opkocht troch Lever Brothers, no dus Unilever.

Foar de Nederlânske pindakaas wurde apenuten út Argentinië brûkt. Dy geane mei de boat nei Breda. Dêr wurde se skjinmakke en dan yn sekken fan 1000-1200 kilo nei Rotterdam ferfierd. Dêr wurde se brând op in roaster fan 10 meter breed. Sa wurde se gear en krije se kleur. Earst wurde se rûch meald en dêrnei mongen yn in ferhâlding fan 85% apenuten, 15% oalje en in bytsje sâlt. Dêr wurdt noch altyd de apenutemûne fan 1948 foar brûkt. Yn in pot fan 600 gram sitte 600 apenuten. It resept is noch altiten itselde. Sûnt 1971 bestiet der in fariant mei stikjes nút en tsjintwurdich is der ek ‘light’ en ‘creamy’.

Yn it fabryk wurde yn ploegetsjinst fan moandei 06.00 oere oant freed 24.00 oere 400.000 potten nútsjesmoar makke. Sechstich jier lang kaam de nútsjesmoar út Delft, fan de NOF. Yn 2008 gong de produksje nei Rotterdam, mar op it lid fan de potten stiet noch altiten NOF.

Men kin der goed rotten mei fange. Yn 2016 waard yn Nijmegen in pleach bestriden mei nútsjesmoar as lokkebrea yn ’e fallen. Fugels binne der ek sljocht op. Om dy winterdeis by te fuorjen is der spesjale Vogelpindakaas te keap, want nútsjesmoar foar minsken is net geskikt foar fûgels.

Peanutbutter, pindakaas of nútsjemoar, watfoar namme men der ek oan jout, ik fyn it gewoan lekker… Stom hè?

 

maart 16, 2019 07:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. L maart 16, 18:55

    Tréwes!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.